Learlingen Achtkarspelen dogge ‘Tour de poep’

april 16, 2021 08:49

De learlingen fan groep 7 en 8 fan ’t Holdersnêst út De Harkema en De Wâldiik út Boelensloane binne beneamd ta beliedsadviseurs fan de provinsje Fryslân. De learlingen krigen fan deputearre Klaas Fokkinga de opdracht ûndersyk te dwaan nei omrinlânbou om it lânboubelied better en sûner te meitsjen. Foar it ECOLE-projekt waard tawurke nei in einpresintaasje. Op 22 april 2021 sille de learlingen harren snoade tips en praktyske advizen oan deputearre Fokkinga presintearje.

Foto: Fokke Ophuis

De learlingen besiten twa melkfeebedriuwen (Mts. Van der Veen yn Surhuzum en Mts. Bloemhoff yn Surhústerfean) om ferskate perspektiven oer omrinlânbou te ûntdekken. Dy bedriuwen leverje harren molke net oan itselde fabryk, en de bedriuwsfiering ferskilt nochal faninoar. Beide hawwe de leafde foar de bisten en it lânskip mienskiplik. Beide bedriuwen binne, elk op syn eigen wize, eksperts op it mêd fan omrinlânbou.

Foto: Fokke Ophuis

Tour de poep
By beide bedriuwen diene de bern in ‘Tour de poep’. De earste reaksje fan de bern wie: “ieuw…” Juf Jellie fan De Wâldiik: “Ik hie op skoalle út de gek sein dat jim poep mei de hannen ûndersykje moasten en no is it ek noch echt sa.” De bern krigen in sykplaat en mei help dêrfan koene se sjen hokker ynsekten se fûn hiene. Der waard ek gebrûk makke fan de app Obidentify om ynsekten te determinearjen. It poepûndersyk holp de bern om kringlopen te fisualisearjen. Troch sels te fielen, te rûken en te sjen kamen se ta de ûntdekking dat dong fan in ko der wol fys útsjocht, mar net stjonkt en dat goede dong in ûnmiskenbere skeakel yn omrinlânbou is.

Mear ynformaasje oer it ECOLE-projekt is hjir te finen.

april 16, 2021 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.