Leanekeatsen yn Harns giet troch

april 12, 2021 13:00 Fernijd

It jierlikse Leanekeatsen yn Harns giet dit jier, sa’t it no liket, troch. Net yn juny, sa as oare jierren, want dat komt te betiid neffens it organisaasjekomitee. It toernoai is ferskood nei 10, 11 en 12 septimber.

Ferline jier gie it keatsen op de Leanen yn Harns hielendal net troch, mar dat wol it komitee dit jier foar sjen te kommen. It hie miskien wol yn juny kinnen, mar dan hie it sûnder publyk moatten. En dat wol de organisaasje net. “De kracht van het Lanenkaatsen is juist de wisselwerking tussen kaatsers en publiek en maakt dit evenement zo bijzonder.”

Fersette nei july en augustus woene de organisaasje net fanwegen de fakânsjeperioade, it EK fuotbal en alderhande aktiviteiten yn de stêd. In probleem om it yn septimber te dwaan is dat it jûns earder tsjuster is. Dêrom wurdt it no in lang wykein, en dan dus ek oerdeis.

Boarne: Omrop Fryslân

april 12, 2021 13:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.