Last Post-blazers yn Blauhûs, Greonterp, Westhim en Wolsum

april 28, 2021 08:51

Gewoanwei komme by de jierlikse Deadebetinking yn Blauhûs ek in protte ynwenners fan Greonterp, Westhim en Wolsum. Mar om’t der fan ’t jier beheind publyk oanwêzich wêze mei, hat it 4 maaie-komitee mei de fanfare in alternatyf betocht: De Last Post klinkt tiisdei 4 maaie jûns tagelyk yn Blauhûs, Greonterp, Westhim én Wolsum.

Sanne Altena yn 2020 yn Blauhûs (foto: Sicco Rypma)

De tradisjonele betinking is jûns 19.45 oere yn ’e kom fan Blauhûs mei in taspraak en krânslizzing troch pastoar Peter van der Weide, in groet troch feteraan en de blomlizzing troch in bewenner fan It Teatskehûs. Om twa minuten foar achten blaze leden fan Fanfare Blauhûs yn de fjouwer doarpen de Last Post, is it twa minuten stil en liede de klokken.

Pastoar Van der Weide sil yngean op it tema ‘gastfrij’. Yn ’40-’45 kamen neist ûnderdûkers ek in protte evakuees, bern en folwoeksenen nei in gastfrij Blauhûs, Greonterp, Westhim en Wolsum en fûnen dêr ûnderdak. De susters fan it Sint Theresiahûs – no Teatskehûs – fersoargen faak de earste opfang en pastoar Wirtz koördinearre alles. “Eltse húshâlding hie wol ien of mear iters oer de flier.”

Sa kamen yn 1943 goed fyftich Utertske bern fia de Bernefersoaring nei Blauhûs. Hja waarden ûnderbrocht by boeren en boargers. It Blauhúster 4 maaie-komitee is op it stuit fia de Utertske Sint Martinusparochy op syk nei persoanlike ferhalen fan of oer dy bern. “Want de ferhalen moatte we altyd trochfertelle.”

april 28, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.