Koroanasubsydzje gastfrijheidsekonomy jildt langer

april 26, 2021 13:06

De hoareka-terrassen geane wer iepen, dêrom bringt de provinsje de ûndernimmers nochris de Fryske ‘koroanasubsydzje’ yn omtinken. Dy regeling is oant en mei 1 oktober ferlinge en biedt finansjele stipe oan bedriuwen dy’t de oardelmetermaatregel tapasse.

No’t ûndernimmers wer gasten ûntfange meie, easket de rjochtline fan oardel meter ekstra omtinken. Undernimmers dy’t dêr middels foar keapje moatte, kinne foar in finansjele bydrage yn de kosten yn oanmerking komme. Dat kin noch oant en mei 1 oktober. Undernimmers kinne maksimaal trije kear in bydrage fan € 1.500 netto krije.

Sylskoalle-eigener Jeroen Wolthuis fan Sylskoalle Het Molenhuis út Wâldsein brûkte de regeling ek: “Elk bedriuw hat skjinmakprodukten nedich, foaral no’t hygiëne wichtiger is as ea. Mûlkapkes, papieren handoeken, hânsjippe; alle dingen dy’t jo dochs keapje moatte en dêr’t dizze subsydzje hiel geskikt foar is.”

Deputearre Avine Fokkens-Kelder by hoarekaûndernimmers Laura Slob en Wicher Wind yn Snits (foto Simon Bleeker)

Wicher Wind fan restaurant Onder de Linden yn Snits frege subsydzje oan foar nije ynvestearringen yn it ramt fan de oardelmeterekonomy. “Wy hawwe ús rjochte op it útwreidzjen fan it terras mei de oankeap fan ekstra wettertichte parasols en elektrysk ferwaarme kessens dy’t waarm wurde as jo derop sitte. Wy kochten ek duorsum ferpakkingsmateriaal lykas palmblêdbakjes foar ús ôfhelservice.”

“Tûk en kreatyf hoe’t ûndernimmers de subsydzje brûke. Mei sokke kessens kinne jo yn novimber noch bûten sitte”, seit deputearre Avine Fokkens-Kelder nei in bedriuwsbesite yn Snits. “Dat helpt de gastfrijheidssektor echt en dêr is de regeling krekt foar bedoeld. Der hawwe in soad subsydzje-oanfragen west. Tagelyk krigen wy sinjalen dat net elkenien bekend is mei de regeling. Dêrom is dy no ferlinge. ”

De subsydzje kin oanfrege wurde fia de webside fan Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN).

 

april 26, 2021 13:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.