Koroanamaatregels Belzelân doge juridysk net
Resint ferskynd

De ferboaden en ferplichtings dy’t de Belgyske oerheid ynfierd hat om fersprieding fan it koroanafirus ôf te remjen, doge net. Dat hat in Belgyske rjochter sein. Der wie al in protte krityk fan rjochtssaakkundigen op de beheining fan grûnrjochten yn it lân.
De sluting fan de hoareka en de jûnsklok binne net troch it Belgyske parlemint goedkard. Neffens de rjochter mei dat net. De maatregels binne basearre op needwetten dy’t dêr net foar brûkt wurde meie.
De Belgyske oerheid kriget in moanne de tiid om de ferplichtings en ferboaden goed te regeljen, oars moat der in twangsom fan fiiftûzen euro deis betelle wurde. Minister fan ynlânske saken Annelies Verlinden hat buorkundich makke dat hja yn berop giet tsjin de útspraak.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje