KNSB, NOCNSF, gemeente en provinsje ynvestearje yn takomst Thialf
Resint ferskynd
Mei bydragen fan KNSB, NOCNSF, de gemeente It Hearrenfean en de provinsje kin Thialf de kommende jierren de topsportakkomodaasje foar de hurdrydsport bliuwe. Wylst Thialf no yn finansjeel swier waar sit, sjogge de behelle partijen genôch mooglikheden om oan in solide takomst te wurkjen. Sa wol it KNSB it nasjonaal treningssintrum keunstriden nei Thialf bringe. Dat stiet yn it rapport dat ûndersiker Pier Eringa nei petearen mei KNSB, NOCNSF en Thialf opsteld hat.
KNSB en NOCNSF fine it fan belang om te beklamjen dat de belutsenheid by Thialf mear is as in finansjele ynspanning. De ôfrûne koroanawinter hat sjen litten hokker spilfunksje oft Thialf yn de nasjonale en ynternasjonale hurdrydwrâld hat. Dy posysje wolle se fierder útbouwe en fersterkje. KNSB, NOCNSF, gemeente en provinsje hawwe by Eringa oanjûn dat se har ynsette wolle om fan septimber takom jier ôf mei-inoar 1,4 miljoen jiers oan Thialf by te dragen. Ynstimming fan efterbannen, gemeenteried en Provinsjale Steaten is dêrfoar noch nedich.
Nasjonale oerheid
In nuodlik punt dat Eringa bleatleit, binne de ferfangingsynvestearringen en it grut ûnderhâld dat de kommende jierren nedich is om Thialf hieltyd fierder te ûntwikkeljen. Just dat is nedich foar treningen en wedstriden op it heechste nivo. It bedrach dat dêrfoar nedich is – sa’n 2,5 miljoen euro jiers – komt boppe-op de ynspanningen dy’t de behelle partijen leverje wolle. Thialf sels kin dêr gjin bydrage foar reservearje. It iisstadion hat ôfrûne jier al in flinke reorganisaasje ûndergien. Noch fierder besunigje is net ferantwurde.
Mei it each op de nasjonale en ynternasjonale status dy’t Thialf hat, fynt Eringa it logysk as de nasjonale oerheid der in wichtige rol yn spylje soe. “It stadion is der delset mei jild fan de provinsje, mar is fan nasjonale betsjutting. Dan past it ek as de Ryksoerheid syn ferantwurdlikheid nimt en mei in bydrage foar ien kear soarget dat Thialf de kommende tsien jier it iisstadion bliuwt dêr’t de sporters, it publyk en de oerheden grutsk op binne.”
Kabinetsformateur
Provinsje en gemeente sille dat stânpunt oan de kabinetsformateur foarlizze, sa gau as dy oan it wurk giet.
Taheakken:
– Oanbiedingsbrief by rapport ‘Samen Thialf’
– Rapport ‘Samen Thialf’
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje