Kiek’es!; de fotowinners fan maart
Resint ferskynd
Nijs fan It Fryske Gea
Kiek’es! Der waarden wer prachtige plaatsjes ynstjoerd de ôfrûne wiken. Der wurdt fanatyk meidien oan de fotokriich fan It Fryske Gea. Alle moannen is der in nije foto-opdracht. Dy fan april stiet al online.
De moanne maart stie yn it teken fan Oade oan it Fryske lânskip. Elkenien belibbet dat wer op syn eigen wize, dat wie ek werom te sjen yn de ynstjoeringen. Nei’t de sjuery in top 10 makke hie, wie it publyk oan bar om te stimmen.
Winners fan maart
Earste priis: Elizabeth Folkerts mei de foto ‘Leafde is… tegearre nei de sinneûndergong sjen’.
Twadde priis: Durkje Gijzen mei de foto ‘Mûne yn ferstille lânskip’.
Tredde priis: Ans Schukking mei de foto ‘It eaget moai’.
Nije omgong, nije kânsen
De nije omgong is úteinset, diskear mei de opdracht: Fotografearje de earste maitiidskribels. Oant en mei moandei 19 april kinne de foto’s ynstjoerd wurde. Dus lekker nei bûten ta en de kamera yn ’e oanslach. De winners fan april krije in ynsektehotel thús. Doch mei fia dizze link.
Feilich op ’en paad yn ’e natuer
Mei it each op de tanimmende belangstelling foar fotografearjen yn ’e natuer jout It Fryske Gea op syn webside handige tips om feilich op ’en paad te gean. Wa’t fan doel is om in beskaat natuergebiet te besytsjen wurdt oanret en betink thús alfêst in alternatyf, sadat by in te fol parkearplak in oare beslissing makke wurde kin. Mei-inoar wurdt sa soarge foar in bettere sprieding fan minsken yn ’e natuer.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje