Kamera’s fotografearje en telle fleanende ynsekten
Resint ferskynd
Ynsektekamera’s sille helpe by it yn ’e gaten hâlden fan ûnwikkelingen yn it oantal bijen, flinters en oare fleanende ynsekten yn Fryslân. Fan 2021 ôf docht Fryslân mei oan in trijejierrich proefprojekt, dat as doel hat om in lânlik ynsektenetwurk op te setten. Yn Fryslân sille njoggen kamera’s, ferspaat oer agrarysk gebiet, stêden en natuer, trije jier yn july en augustus fleanende ynsekten fotografearje.

Foto © Diopsis
Deputearre Douwe Hoogland: “It projekt kin ús goed helpe om te sjen oft de maatregels dy’t wy foar de ynsekten treffe yn de praktyk goed wurkje. Sa krije wy ynsjoch hoe’t it mei bijen, hommels, miggen en oare fleanende ynsekten yn Fryslân giet. Dêrtroch kinne wy noch better ynspylje op wat der nedich is om it oantal en it ferskaat yn soarten op te helpen, bygelyks by it foarmjaan fan it Herstelprogramma Biodiversiteit op it mêd fan ynsekten.”
De tellingen fan dit jier binne as nulmjitting te sjen foar it ferlykjen mei oare tellingen. De kamera’s wurde yn 2022 en 2023 ek yn oare perioaden fan it jier brûkt foar ynsekteûndersyk om de hantrekken foar it ynsektenetwurk te ferbetterjen. Fjouwerentweintich oeren deis meitsje de kamera’s om de tsien sekonden foto’s fan in kleurd skerm dêr’t de ynsekten op sitte kinne. Se lizze de ynsekten fêst mei software dy’t se identifisearje kin op famylje- of soartenivo, dy’t se telt en ek de biomassa fan de ynsekten berekkenet.
Lanlik netwurk
De kamera’s binne ûnderdiel fan it Diopsis-projekt fan Naturalis Biodiversity Centre, EIS Kenniscentrum Insecten, Faunabit BV, RAdbouw Universiteit en COSMONiO, dêr’t mear provinsjes oan dielnimme. It doel is om in lanlik netwurk mei ynsektekamera’s op te setten, sadat der op ferskate nivo’s, provinsjaal mar ek nasjonaal, mear ynsjoch komt yn de ynsektestân. It proefprojekt kostet de provinsje 83.540 euro.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje