Jûn publikaasje fan notulen út ministerrie

april 26, 2021 09:38

De notulen fan diskusjes yn it kabinet oer de taslagge-affêre wurde moandeitejûn iepenbier makke. It demisjonêre kabinet set dy tige ûnwenstige stap nei oanlieding fan opskuor oer in rekonstruksje fan RTL Nieuws ferline wike.

De Twadde Keamer (foto: Wikipedia/Husky – CC BY 4.0)

Neffens RTL hat it kabinet-Rutte III mei opsetsin ynformaasje efterholden dêr’t de Twadde Keamer om frege hie. Ministers soene klage hawwe oer lestige Keamerleden, lykas CDA’er Omtzigt. It nijs fan RTL makke in protte los. De Keamer easke opheldering en in part frege ek om it iepenbier meitsjen fan de notulen. It kabinet besleat ôfrûne freed dat dy yndie publisearre wurde. It giet om de notulen dy’t earder nei de parlemintêre ûnderfregingskommisje gien binne. Dy kommisje die ferline jier ûndersyk nei de taslagge-affêre en harren rapport late úteinlik ta it opstappen fan it kabinet.

Rutte spruts freed fan in útsûnderlik beslút, dat fiar ien kear jildt. Hy sei freed dat it kabinet unanym is yn syn oardiel om de notulen frij te jaan en dat der neat ûnfoechsums bard is. Wat yn de ministerrie bepraat wurdt is yn prinsipe geheim. Foar safier bekend binne notulen fan de ministerrie nea earder foartidich publisearre. De notulen bliuwe normaalwei 25 jier geheim, al wurde se soms nei 20 jier iepenbier foar wittenskippers. Neffens it reglemint fan oarder kin it kabinet wol ûntheffing fan de geheimhâldingsplicht jaan, lykas no bart.

It kabinet tinkt der noch oer nei oft it de Ryksresjerzje ynskeakelet om út te sykjen hoe’t de notulen lekt binne, want mooglik is der sprake fan in ‘amtsmisdriuw’. De Twadde Keamer debatearret no tongersdei oer de kwestje en ûnderbrekt dêr it reses foar.

Bywurke 20.45 oere: De notulen fan de ministerrie en de Keamerbrief mei reaksje binne te lêzen op de side fan de Ryksoerheid.

april 26, 2021 09:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.