Jonge mei trije kullen berne

april 10, 2021 19:12

In man en in frou hâldt men ûnder mear útinoar troch de kul. Pyl of pik of pileman kin men ek sizze. In manminske hat oer it generaal ien sa’n ding mear as in frommes. Ien, net mear. Mar dêr binne útsûnderings op.

Diphallia of “twakulligens” is seldsum, mar it komt foar. Fan de fiif of seis miljoen jonges hat ien by de berte in ekstra fleartûkje meikrige. Gauris wurdt dy nammers troch dokters fuorthelle. De drager kin der neat mei en faak kriget er der lêst fan. Soms is de ekstra spiker folslein, mar gauris is it ek in nakje sûnder funksje.

De Irakeeske dokters Shakir Saleem Jabali en Ayad Ahmad Mohammed dogge te witten dat hja in popke bestudearre hawwe mei mar leafst trije tyskes. Sokke Triphallia is noch net earder beskreaun, sizze hja yn in artikel yn it tydskrift International Journal of Surgery Case Reports.

It jonkje hie ien rûpke op it plak dêr’t it by de measte manlju sit. Nûmer twa siet ûnder de balsek en nûmer trije by de ears. De ekstra slakjes hienen net in pisbuis. Ien hie wol in ikel. De dokters hawwe fan de trije apparaten ien makke.

Klik hjir om it artikel te lêzen.

april 10, 2021 19:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.