Jarich Hoekstra (65): “Ik gean gewoan troch mei myn ûndersykswurk.”

april 20, 2021 17:06

Jarich Hoekstra is berne yn Hitsum yn 1956, opwoeksen yn Abbegea en wenne letter yn Almelo. Hy studearre Frysk en Noarsk oan de universiteit fan Grins. Sûnt 1999 is er heechlearaar Fryske taal- en letterkunde yn Kiel en hy is no hast oan syn pinsjoen ta.

Jarich Hoekstra (eigen foto)

Wat kinst fertelle oer de stúdzje Frisistyk yn Kiel? Hokker fakken wurde der jûn?
Jarich: “It is in fosleine stúdzje Frysk, dus sa breed mooglik. As je begjinne te studearjen, moatte je twa Fryske dialekten leare. By ús is it standert dat men mei in Noardfrysk dialekt begjint en as twadde dialekt kin men in oar Noardfrysk dialekt studearje, mar ek it Sealtersk of Westerlauwersk Frysk. It earste dialekt moatte je ek prate kinne en it twadde moatte je passyf behearskje. De stúdzje bestiet ek út histoaryske taalkunde, dus studinten moatte Aldfrysk leare en se leare oer taalferoaringen. Dêrneist ha we in ûnderdiel moderne taalwittenskip, dêr leare se oer de grammatika fan it Noardfrysk yn it foarste plak. Dan ha we in ûnderdiel literatuer, dêr leare studinten oer de literatuer yn it foarste plak fan it Noardfrysk, mar dat kin ek wolris breder wêze. En der is in ûnderdiel taalsosjology. Dêr leare se hoe’t it Frysk yn de Noardfryske mienskip funksjonearret: hoe folle minsken it prate en tsjin wa. Wy konsintrearje ús yn Kiel fansels sterk op it Noardfrysk, mar we besjogge dat ek wol breder en sjogge ek faak nei it Eastfrysk en Westerlauwersk Frysk. Yn spesjale kolleezjes yn it fyfde en sechde semester fan de stúdzje wurdt in fierdere ferdjipping socht.”

Kin elkenien de stúdzje Frysk yn Kiel dwaan?
“Ja, dat is hielendal frij. Je hoege net Frysk te kennen. It is yn de praktyk ek sa dat de measte fan ús studinten fan tefoaren gjin Frysk kenne en dy komme ek net út Noard-Fryslân. De measten komme út oare regio’s yn Dútslân. We hawwe ek wolris bûtenlânske studinten. Bygelyks ha we ien út Japan derby. En Amerikaanske studinten ha we hjir wol hân. Der ha ek minsken út Westerlauwersk Fryslân west, Geart Tigchelaar bygelyks, dy’t in part fan syn master yn Kiel dien hat. Dat komt net sa faak foar.”

Hoe giet it mei de studinte-oantallen fan de stúdzje Frysk yn Kiel?
“Dy binne wat lytser wurden yn de lêste jierren. Dat hinget gear mei de algemiene ûntwikkeling, want de studintetallen by de talefakken binne oer it generaal leger wurden. We hawwe lykwols noch hieltyd sa’n 20-25 studinten dy’t Frysk studearje.”

Hat it feit dat yn Grins gjin folsleine stúdzje Frysk mear is, mar no in stúdzje minderheden en meartaligens, ynfloed hân op de studinte-oantallen yn Kiel?
“Nee. Ja, it hie wêze kinnen dat minsken út Westerlauwersk Fryslân nei Kiel ta komme, mar dat is fansels in frij grutte stap. Ik ha wolris tocht: je soene sa njonkenlytsen yn Westerlauwersk Fryslân in advertinsje yn de krante sette kinne fan: ‘Kom nei Kiel ta en studearje Frysk’, mar dat haw ik nea dien. As je Frysk studearje yn Kiel, moatte je noch in oar lykweardich fak dernjonken dwaan. It soe teoretysk kinne. As je no Dútsk studearje wolle, dan soene je nei Kiel ta komme kinne en tagelyk ek Frysk studearje kinne. Ik hoopje lykwols dat de situaasje yn Nederlân sa wurdt, dat it net nedich is om Fryske studinten hjirhinne te heljen. Der binne no plannen foar it opsetten fan in masterstúdzje Frysk op de Kampus Fryslân yn Ljouwert. We moatte ôfwachtsje hoe’t dat komt, mar dêr hoopje ik op. Yn de hjoeddeiske situaasje is Kiel it iennichste plak dêr’t men in folsleine stúdzje Frysk dwaan kin.”

Is der in útwikseling tusken de universiteiten fan Grins en Kiel op it mêd fan it Frysk?
“Ja, yn prinsipe wol. De universiteiten wurkje wol wat gear. We hawwe de mienskiplike rige Estrikken. Yn dy rige kinne dissertaasjes útjûn wurde of goede masterskripsjes fan studinten of oare stikken dy’t it publisearjen wurdich binne. De measte publikaasjes yn Estrikken komme tsjintwurdich út Kiel. Utwikseling is no wat lestich, omdat Grins in spesjale rjochting opgien is mei syn meartalichheidsstúdzje. Wy soene fansels studinten dy’t dy rjochting út wolle, nei Grins tastjoere kinne. Yn de tiid dat Geart Tigchelaar yn Grins studearre, wie dêr in frij entûsjaste groep studinten Frysk dy’t ek in soad kontakt hie mei ús studinten. Doe wie der wol mear útwikseling as dat der hjoeddedei is.”

Wat kinst yn it koart fertelle oer de situaasje fan it Noardfrysk en it Eastfrysk?
“Dy is fansels folle minder as dy fan it Westerlauwersk Frysk. De talen binne folle mear bedrige. Guon dialekten yn it Noardfrysk binne oan it útstjerren, der binne gjin bern mear dy’t it sprekke. Mar der binne ek dialekten dy’t noch aardich libben binne, foaral op it eilân Föhr, mar ek op de fêste wâl, it Mooring. Der binne yn alle gefallen noch bern dy’t dy dialekten leare. Der wurdt noch in soad dien om it Noardfrysk hinne, lykas literêre aktiviteiten en Friisk Funk fersoarget Fryske radioútstjoeringen op Föhr, mar dat is op lytsere skaal as yn ús Fryslân.”

Do bist koartlyn 65 jier wurden. Hoe lang silst noch troch as heechlearaar Frisistyk?
“No komt it simmersemester en dan doch ik it wintersemester noch. Dat rint noch oant febrewaris takom jier. Op 1 april takom jier sil myn opfolger begjinne moatte. De fakatuere is noch iepen foar belangstellenden. In kommisje sil dan oer de sollisitaasjes gear, mar dêr bin ik fansels net mear yn behelle.”

Do wennest mei Antje Tadsen yn Kiel. Bliuwe jim dêr wenjen nei dyn pinsjonearring?
“Ik bliuw yn Dútslân, ja. Dêr bin ik no sa ynboargere.”

Wat binne dyn plannen foar de takomst ast aanst mei pinsjoen bist?
“Ik gean gewoan fierder mei myn ûndersykswurk en kin fierder publisearje. Ik doch foaral ûndersyk nei grammatikale ferskynsels yn it Frysk. Dy ferlykje ik hiel breed mei oare West-Germaanske talen en ik besjoch hoe’t it Frysk him dêryn ferhâldt. Dat konsintrearret him hjir yn Kiel hiel sterk op it Noardfrysk. Mar ik bin ek altyd fierdergien mei ûndersyk nei ús Frysk en op it mêd fan Aldfrysk en it East-Frysk, lykas it Sealtersk en Wangereagersk. Fierder hinget it fansels fan myn opfolging ôf. Mar ik kin my foarstelle dat ik ek eventueel noch in pear dagen yn de wike meiwurkje by de stúdzje Frysk. Miskien kin ik noch ûnderwiis jaan, bygelyks yn it Westerlauwersk Frysk.”

Do hast yn it ferline boeken skreaun mei Harke Bremer, lykas de histoaryske thriller De frouwepenje dy’t yn 2009 útkommen is. Hast noch kontakt mei him en sille jim op dat mêd wer wat dwaan?
“Ja, we hawwe noch kontakt. It probleem is dat Harke in skoft slim siik wie. En fansels troch koroana koene we net byinoar komme en tegearre skriuwe, sa’t we dat earder diene: ik gie dan nei Kampen en Harke kaam nei Kiel ien kear yn de oardel moanne sawat. It kreatyf skriuwen doch ik benammen tegearre mei Harke. Ik set sels wolris wat yn it Noardfrysk oer, lykas in pear jier lyn haw ik op fersyk fan Anne Popkema (útjouwerij Regaad) de mearkes fan Grimm yn it Fering-Öömrang oerset. Harke en ik binne no wer safier dat we ôfpraat ha dat we besykje sille om digitaal mei it skriuwen fierder te gean.”

Troch Hedwig Terpstra

april 20, 2021 17:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.