Jan Schokker: 5G-fûgels

april 24, 2021 20:00

Kollum

Twa hiel gewoane manlju, stevich op ’e skonken, feardich en freonlik. Hawar, ien fan dy twa wie in aparte fûgel, teminsten yn myn eagen. Mar mei ik eins wol sa oardielje?

Dy iene – in jonge, lange monteur – kaam deryn mei in part fan ús nije sitbank. De oare, wat ljochter en lytser, mei it byhearrende fuotbankje. Ik leau, soks neame se in hocker yn geef Nederlânsk. Beide mannen moasten sa in pear kear hinne en wer rinne. Moai opinoar ynspile hiene se tegearre de bank samar yninoar, om dêrnei flot en kreas it ferpakkingsmateriaal op te romjen. Plestik by plestik en papier by karton goaiden se werom yn ’t frachtweintsje. Oft se noch kofje woene?
‘Graach.’

Nei wat kompliminten oer it ôfleverjen – en fan harren kant oer it stee en de ynrjochting – kaam it petear fansels al rillegau op koroana, it smarmiddel yn ’e kommunikaasje fan hjoed-de-dei. De lange jonge hoegde gjin twadde bakje. Hy gie derút om efkes te smoken.

‘Och koroana’, sei de ljochte meubelmonteur wylst er noch wat papieren ynfolle, ‘in gewoan grypke. Dêr giet it hielendal net oer, it komt troch 5G.’
Ik koe it sa rap net folgje, want ik siet oer it skouder nei ús moaie nije bank fan Goossens te sjen. In pronkje, gewoanwei in pronkje. It koe yn myn grutske eagen o sa besjen lije.
‘Hoe woest sizze?’
‘Dy deaden, dat komt suver en allinne troch 5G. Der sit wat gruts efter.’
Ik beseach syn gesicht. Is dit in humorist? Ik frege it.
‘O nee, wis net! Der binne te folle minsken op dizze planeet en troch 5G út te rôljen kinne se it regulearje.’
‘Troch 5G? Mienst dat werklik? Wêr hellest dy flauwekul wei?’
‘Dat is in oare wierheid, der stiet in bulte oer op ynternet.’

Men wit dat se der binne, lju dy’t alles wantrouwe, de komplottinkers. No moat elkenien mar witte wat er leauwe en útdrage wol, mar ik wie finaal ferbjustere. Hy kreame noch mear – yn myn eagen – klearebare ûnsin út, oer alderhande chips yn faksinaasjespuiten en oer media dy’t oan ’e hân fan regear en grutmachten it nijs sûnder ophâlden manipulearje.

Ik hie bepaald net it idee dat ik sa’n man samar op oare gedachten bringe koe. Wat makke him sa wis, binne der earne hagepreken dêr’t se dat leauwe yn betonblokken beitelje en oan ’e man bringe? Ynternet hie er it oer, mar dêr steane de mearkes fan Disney ek op. Wêrom begjinst dêr te sykjen en wêr? Ik hie it him freegje moatten, mar al gau wie er fuort mei syn maat nei wer in oare klant om nije meubels ôf te leverjen. Strieling fan stjoermêsten soe faaks skealik wêze kinne, tocht ik. Dêr kin ik wol in ein yn meigean, mar in hiel folk ferneatigje mei sa’n lytse trafo? Dan moatte it minstens 500G-stjoerders wêze, soe men sizze.

Op ús nije bank ha ik noch net sitten. Foar my is er besmet, liket it wol, betsjoend soe men sels sizze kinne. No bin ik dus net fan de komplotteoryen, mar it soe samar wêze kinne dat it folk dat in bank kocht hat by Goossens meikoarten dochs in wat oar leauwe preket. Men wit it net, men wit it net. Of begjin ik no al flauwe kul út te kreamjen, wylst de fuotten noch net iens op ús nije noflike Schokkerhokker rêst hawwe?

Hâld dy Goossensfûgels yn ’e gaten.

april 24, 2021 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.