It Grinzer Museum earet Ploeglid Alida Pott

april 8, 2021 09:25

Alida Pott, ‘Hilda Idema’, 1923 (foto: Marten de Leeuw)

Ferfine akwarellen, libbene lânskippen en bysûndere portretten. De Grinzer keunstneresse Alida Pott (1888-1931) wie ien fan de meast talintearre keunstners fan De Ploeg. De eksposysje Alida Pott, te sjen fan 7 maaie 2021 ôf, lit yn tritich wurken har ekspressiviteit en eigensinnigens sjen.

Alida Pott waard op 8 jannewaris 1888 berne yn Grins. Yn 1918 waard se lid fan De Ploeg. Hja wie it earste ‘dameslid’ en ien fan de pear froulike leden. Har opfallende portretten, lânskippen en kollaazjes skaaimerken har troch in subtyl gefoel foar kleur, line en flakferdieling. Har styl wykte ôf fan de werkenbere styl fan De Ploeg, mar sleat oan by de Europeeske avant-garde fan dy jierren.

Mei har iere ferstjerren yn 1931 ferlear De Ploeg ien fan syn grutste talinten. Hja liet in lyts oeuvre nei, besteande út oaljeferveskilderijen, ferfine akwarellen, tekeningen en kollaazjes mei sprekkende kleuren. In part fan dy kolleksje is no yn it Grinzer Museum.

Alida Pott, ‘Boomgaard Blauwborgje’, 1920 (foto: Marten de Leeuw)

april 8, 2021 09:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.