It ferset op de Bontebok en yn Nijhoarne

april 24, 2021 07:00 Fernijd

Markus de Jong, in boer yn Bontebok, hat yn de Twadde Wrâldoarloch in protte minsken it libben rêden troch se ûnderdûke te litten. Yn desimber 1945 hat er syn memoires skreaun dy’t yn 2005 yn De Compagon, de doarpskrante fan De Knipe stien hawwe. Dêr komme de fragminten fan dit ferhaal út.

Pleats fan Markus de Jong. Boarne: Kynhout

‘Yn jannewaris 1943 kaam in freon lâns mei de fraach oft ik in pear Joadske minsken ûnderdak ferliene woe. Dêr moast ik earst wol efkes oer neitinke en ik sei him ta dat ik him noch dyselde dei in andert jaan soe. Fansels moast ik it earst mei myn húsgenoaten besprekke. En wat ek meispile wie dat ik in healjier tebek út myn boerespultsje set wie troch de Landstand.

De eigener, dy’t lid wie fan de lânwacht, woe dêr sels wer buorkje. Dat wie mar in pear hûndert meter fan it plak ôf dêr’t ik letter wenne. By in hûssiking wie it leed net te oersjen as der Joaden fûn wurde soene. Ik stie al net sa goed bekend by de Dútsers, want ik hie my yn 1933 yn Dútslân skuldich makke oan antyfaksistyske propaganda. Mar we kamen dochs ta it beslút om de gefaren ûnder eagen te sjen, it gie om minskelibbens.

Sa waard besletten om twa minsken yn ’e hûs te nimmen. Ik gie de oare moarns mei striemin waar op de fyts nei it stasjon op It Hearrenfean. Dêr soe ik in my ûnbekend persoan moetsje, mynhear Sikma. Op it ôfsprutsen plak stie er yndied. Wy moasten mei de trein nei Swol; op it perron oankommen koene wy sûnder dat immen it hearre koe oerlizze hoe’t wy it oanpakke soene.

Yn Swol giene wy fluch nei it adres dêr’t wy wêze moasten foar de ûnderdûkers. Foardat wy dêr oanbelje soene, seagen wy earst noch om ús hinne oft wy ek folge wiene. Doe’t wy yn ’e hûs kamen, sieten dêr fjouwer minsken dy’t hieltiten eang nei bûten seagen, benaud foar in razzia. Wy soene twa minsken ophelje, mar se smeekten oft se alle fjouwer mei koene.

Wy praten ôf dat se noch in poaske yn Swol bliuwe soene, want ik moast dan thús earst foar mear sliepplakken soargje. Doe’t dat foarinoar wie hat Sikma se allinne út Swol helle en se kamen dy deis mei de tram yn Langsweagen oan, dêr’t ik se weihelle. Ik hie mysels sa fermomme dat doe’t we op de weromreis nei de Bontebok bekenden tsjinkamen, se net seagen dat ik it wie.

Dit wie it begjin fan in gefaarlike perioade. Der moast hieltiten socht wurde om nije ûnderdûkadressen. Dat wie net sûnder gefaar. As bygelyks immen gjin ûnderdûkers ha woe, wie dy dochs fan jins dwaan en litten op ’e hichte. Trochdat de rantsoenen op de bonkaarten hieltiten lytser waarden, wie it foar de lju dy’t ûnderdûkers hiene in grutte soarch om it allegearre te bekostigjen. Dy moasten ek in finansjele ûndersteuning hawwe. Dat waard dien troch in klup aktive meiwurkers op It Hearrenfean: H. Steenwijk, J. de Jong, R. Vis, H. Beenen, S. Postmus, W. van Dam, Vernimmen, B. van Ens, J. Overdiep, Hofkamp, Staal, B. Cloo, J. Sijtsma, Felius, H. Klaver, R.W. Kijlstra, Drost, Vlietstra.

H. Steenwijk wie ponghâlder en as der jild nedich wie soarge hy derfoar. De bonkaarten wiene ek in probleem. De amtners fan it distribúsjekantoar hawwe ek in soad bydroegen oan it klandestyn krijen fan hûnderten bonkaarten. De meiwurkers op It Hearrenfean soargen ek foar nije en ferfalske persoansbewizen en al mei al binne der dêrtroch in soad minskelibbens rêden.

De direkteuren fan de bûterfabriken op de Bontebok en yn Jobbegea hawwe tûzenen kilo’s bûter en tsiis oan de besetters ûntfytmanne en oan de   ûnderdûkers ôfstien. It kantoar fan it bûterfabryk op de Bontebok wie in sintraal punt dêr’t de troch de moffen ferfolge lju in feilich ûnderkommen fine koene. De telefoan stie ta harren foldwaan en waard faak oant yn de lette jûn brûkt om berjochten troch te jaan oer minsken dy’t ûnderdûke moasten. Op dat kantoar holden se ek de geheime besprekkingen en troch de betrouberens fan it kantoarpersoniel bleau de bûtenwacht ûnkundich fan de geheimen en besluten dy dêr nommen waarden.’

Foto LC 1986; bewurke troch Janke Mulder

De koeriersters wiene yn dy tiid ûnmisber. Steapels ferfalske persoansbewizen, bonkaarten, brieven, pakjes, klean en jild binne troch dy famkes mei gefaar foar eigen libben oan ’e man brocht. Yn Nijhoarne wiene twa famkes, Sietske de Glee en Greta de Beer, dy’t mei in grutte ynset it wurk as koerierster diene. Sietske wie in dochter fan de pleatslike bakker en Greta in dochter fan in skoalmaster út Nijhoarne. Bouwe van Ens, dy’t flak foar de befrijing fusearre is, hie Sietske frege. Sietske hie der sels net sa’n probleem mei, mar har heit wol. Sietske stie net allinne foar de swiere klus as koerierster trochdat Greta der doe by kaam. Se moast hast alle dagen troch de easthoeke fan doarp oant doarp. En se hiene op sa’n rûte net altiten deselde adressen, dat wie in hiele útsikerij.

It startpunt wie moarns by kafee Schreur, dêr’t de fersetsbeweging syn gearkomsten hie. Se hiene de beide fytstassen bytiden oan de kop ta fol. By Schreur wei gie de reis earst op Mildaam oan en dan nei Ketlik, It Wâld, de Bontebok, Nijhoarne, Jobbegea, Hoarnstersweach en dan werom nei Nijhoarne, troch waar en wyn. Der is harren ek wolris in wapen oanbean, mar dêr woene se neat fan witte. Se ha lokkigerwize nea aaklikheden meimakke mei kontrôles fan de Dútsers. Op de Bontebok wiene yn de oarlochsjierren in protte Joaden ûnderdûkt. De koeriersters hiene gjin kontakt mei de ûnderdûkers, mar de measten koene harren wol. Nei de oarloch wiene der ferskate lju dy’t harren dúdlik makken hoe belangryk oft se foar harren west hiene.

Markus de Jong hat flak foar de befrijing noch efkes ûnderdûkt west mei syn húshâlding. Dat kaam om’t de SD in oan him stjoerde brief ûnderskept hie. Yn Jobbegea wiene J. Alberda, H. van Dam en P. Dijkstra aktyf om foar ûnderdûkadressen te soargjen, dêrtroch koe Markus syn wurk fuortsette.

Jangerben Mulder

Foar dit ferhaal binne twa boarnen brûkt. De memoires fan Markus de Jong steane op de webside fan Kynhout De Knipe en dy fan de koeriersters yn de LC fan 1986, skreaun troch Catrienus Meijer.

 

april 24, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.