It ferhaal fan de ûnsichtbere man
Resint ferskynd
Andere Tijden presintearret it hast net te leauwen mar wier barde ferhaal fan in ta de dea feroardiele SS’er, dy’t him 29 jier by syn âlden op ’e souder foar de autoriteiten ferburgen hâldt. Diederik van Vleuten bringt dat ferhaal op bysûndere wize ta libben.
Op 11 april 1974 arrestearret de Haachske plysje âld-SS’er Jacques Philippa. Hast tritich jier lang sit er ûnderdûkt op tsien fjouwerkante meter op de souder fan syn âlderlik hûs oan de Pauwenlaan 95 yn De Haach.
Yn ’e oarloch jout Philippa lieding oan de beruchte en tige gewelddiedige bloedploech Norg, dy’t yn Drinte in skrikbewâld fiert. Tsientallen ûnderdûkers, Joaden en fersetsminsken wurde oppakt, grouwelich martele en nei konsintraasjekampen stjoerd. In grut part komt nea werom. Yn 1950 wurdt Philippa ta de dea feroardiele. By ôfwezigens, want hy sit dan al yn syn âlderlik hûs ûnderdûkt. Nei alle gedachten wit er net dat syn deafûnis yn 1955 automatysk omset is nei libbenslang.
Hy skaakt, lêst, harket nei de radio, fokt kanarjes op de souder by syn âlden, mar komt nea bûten. Hy slûpt as in skaad op sokken troch it hûs en sjit as in kat de trep op as der oanskille wurdt. De dagen, moannen en jierren slyt er yn iensumens. Nei 29 jier wurdt er nei in tip arrestearre. Hy is ferromme. In rjochtbank feroardielet him ta trije jier yn in healiepen ynrjochting. Ynienen mei er bûten kuierje, lûddop sjonge, fluitsje, lawaai meitsje. Hy is einliks frij, mar it slagget him net om in nij libben op te bouwen. Philippa stjert yn 1981.
Diederik van Vleuten
De Andere Tijden-redaksje, dy’t earder in ôflevering makke oer de bloedploech Norg, en Diederik van Vleuten slane de hannen gear om dit hast net te leauwen ferhaal te transformearjen ta in fernijde fertelling. Van Vleuten is de grûnlizzer fan it sjenre stand-up skiednis. Syn teatersjo’s, Daar werd wat groots verricht, Buiten schot en Mijn nachten met Churchill binne in unike mingfoarm fan teater en skiednis, en humor.
De onzichtbare man, fan Diederik van Vleuten en Andere Tijden (NTR/VPRO), moandei 3 maaie, 20.30 oere, NPO 2.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje