Iepen Mienskipsfûns subsidearret 13 projekten Waadeilannen
Resint ferskynd
Fia it Iepen Mienskipsfûns (IMF) jout de provinsje Fryslân subsydzje oan 13 inisjativen út de mienskip. Mei-inoar giet der 191.762 euro nei projekten foar leefberens op de Fryske eilannen.
Ien dêrfan is de Wetterrûte Flylân
De wettersyklus op Flylân wurdt op in unike manier yn byld brocht. Fia in rûte nei eigen kar mei ferskillende ôfstannen, kin men kuierjend, fytsend of op in oare manier sjen hoe’t op Flylân mei wetter omgien wurdt. Flylân soarget ûnôfhinklik foar drinkwetter út de eigen swietwetterbel.

Wetterynstallaasje Flylân (boarne: Provinsje Fryslân)
Op de rûte wurde Flylanners en eilânbesikers útdage om in nij perspektyf op wetter te ûntdekken. In kreatyf plan om minsken te bewegen en tagelyk oars mei wetter sjen, tinke en hannelje te litten. De folsleine projektkosten binne 224.339 euro. It IMF draacht 72.939 euro subsydzje by.
In beskriuwing fan de oare tolve projekten is hjir te finen.
Iepen Mienskipsfûns
Yn ’e twadde iepenstelling kin wer subsydzje oanfrege wurde. Dat is fan 19 april oant en mei 20 maaie 2021. Betingst is dat it projekt bydraacht oan it ferbetterjen fan de leefberens yn wyk, doarp of regio. Sjoch foar mear ynformaasje en ynspirearjende projekten op www.fryslan.frl/imf.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje