Houtdraaier

april 25, 2021 15:18

Foto © Matthijs Verkuijl

It draaiend bewurkjen fan hout is in iuwenâlde technyk, dy’t yn ’e rin fan de tiid wol stadichoan feroare is. Barde yn it begjin de oandriuwing fan de draaibank mei in bôge of de foet, tsjintwurdich is it in kombinaasje fan in elektryske masine mei hânwurk. Dy foarm fan kreëarjen en arbeidzjen sit, los fan de yndustriële produksje, op de grins fan hobby, keunst en ambacht.

Oeral yn Nederlân kriget dy aktiviteit fan houtdraaiers syn beslach. Allinnich of yn ferieningsferbân en der is ek in oerkoepeljende organisaasje, Radius, mei 15 ôfdielingen ferspraat oer it lân. Dêr’t gewoanwei houtdraaiers te sjen binne – op merken, braderyen, keunstwiken – leit hjoed-de-dei fanwegen de koroana in soad stil.

Foto © Matthijs Verkuijl

Yn Nijlân, in doarp tusken Snits en Boalsert, wennet Gerrit Abma, in ferneamd houtdraaier en lid fan Radius, mar ek fan de Flaamske feriening. By him yn ’e hûs is net alles fan hout, mar wol in hiel soad; hast yn alle hoeken en hernen fynt men wat. Fan lytse popkes, aaien, bylden en skalen oant gruttere objekten. Bysûnder binne de trije houten huodden, dy’t lykwols net te keap binne.

Op it stuit is Abma dwaande mei in opdracht om poststimpels te meitsjen. Almeast wurket er foar himsels, mar inkeld wolris yn opdracht. Eartiids wie er ferver fan berop by in boubedriuw. Dêr krige er aardichheid, respektyflik grutte fasinaasje foar hout. No is it syn hobby en is er hast alle dagen yn syn wurkpleats te finen.

Dêr leit it fol mei ynstruminten dy’t nedich binne foar it ferrjochtsjen fan alderhande hannelingen om fertuten te dwaan. Twa draaibanken, beitels, filen, brillen en in slypmasine en fansels in ôfsûchsysteem. Hy hellet syn hout út de natuer en dat is yn de tún ek wol te sjen.

Gerrit Abma is koartsein in op en top betûft fakman, dêr is gjin mis op, dy’t noch in protte wille hat oan syn leafhawwerij.

Matthijs Verkuijl

april 25, 2021 15:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.