Herman Tjeenk Willink ynformateur

april 6, 2021 19:43
Herman Tjeenk Willink

Herman Tjeenk Willink sil út namme fan de Twadde Keamer ûndersykje hokker regearingskoälysjes oft der yn Nederlân moolk binne. It útstel en freegje him komt fan D66-foaroanfrou Sigrid Kaag. Hy moat sjen by hokker fraksjes oft der foldwaande betrouwen is om oer de foarming fan in kabinet te praten.

Net alle Keamerfraksjes wiene wiis mei de kar foar Tjeenk Willink. De PVV, Forum voor Democratie en BBB stimden tsjin syn beneaming. Denk wie ek kritysk. De partijen wolle in ynformateur dy’t fierder fan ‘e polityk ôf stiet. De PvdA’er Tjeenk Willink wie fan 1997 oant 2012 fise-foarsitter fan de Rie fan Steat. Dêrfoar wie er lid fan ‘e Earste Keamer. Hy hat ferskate kearen as ynformateur wurke.

april 6, 2021 19:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.