Henk Wolf: Oebele Brouwer krijt it lid op ’e noas – in taalbelied fan lippetsjinsten

april 29, 2021 12:50

Kollum

De Ryksoerheid hat him al yn de jierren njoggentich ferplichte ta in belied dat it Frysk en de Friezen stipet. Dat belied is yn ferskate dokuminten fêstlein. De bekendsten binne it Europeesk hânfêst, it Ramtferdrach nasjonale minderheden en de Wet gebrûk Fryske taal.

Ik bin lykwols net sa ôfgryslike wis fan de goede wil op Ryksnivo. Dat komt net allinne troch de berjochtsjes dy’t út Haachske ministearjes nei Fryslân trochsiperje oer lêbige hâldingen fan amtners as it oer it Frysk giet, mar ek troch wat ik yn de praktyk sjoch.

In foarbyld fan in pear jier lyn is de opmerking fan de baas fan de ûnderwiisynspeksje, dy’t by de presintaasje fan it ûndersyk fan de NHL nei it skoalfak Frysk ynearsten sei dat dy ynspeksje skoallen net twinge soe om har oan de regels te hâlden wat it Frysk oangiet. Der wie heel wat lobbywurk fan de provinsje foar nedich om de ynspeksje mei te krijen yn in wat aktiver kontrôlebelied.

In oar foarbyld is dat de Nederlânske Ryksoerheid kear op kear op kear de rapportaazjes oer it eigen útfieringsbelied fan it Hânfêst fierste let ynleveret. En faak wurdt alle krityk fan ynternasjonale saakkundigen yn in pear sinnen fan ‘e tafel reage.

In djiptreurich foarbyld fan resinter datum is it Deltaplan voor het Noorden, dat Noard-Nederlân beskôget as ien grutte bûtenwyk foar de folle Rânestêd. Yn it Ramtferdrach is sels in bepaling opnaam dy’t ferbiedt om de befolkingsgearstalling al te drastysk te feroarjen. Wat it mei de taal, de kultuer, it lânskip en de mienskippen yn Noard-Nederlân docht as der tsientûzen hûzen by komme, dat spilet blykber gjin rol. In âld-kommissaris Nijpels dy’t mient dat it ‘skande’ is as grûn foar lânbou brûkt wurdt as men der ek op bouwe kin, lit net folle begryp sjen foar de provinsje dêr’t er sa lang it gesicht fan west hat.

Dat it taalbelied it Ryk gjin tinken is, blykt ek út de reaksje dy’t de boargemaster fan Achtkarspelen Oebele Brouwer krige op syn foarstel om it jild dat gemeenten krije foar ynboargering fan bûtenlanners te brûken foar kursussen Frysk. Brouwer set him al sa lang op allegear manieren foar it Frysk yn. No hat er neffens my wat prachtichs fûn: de mienskip hat belang by sa’n aksje, de minsken dy’t dielnimme wolle dat sels, men kin de Fryske taal dermei stypje én it kostet net iensen wat ekstra, want de gemeenten krije it jild doch al.

Mar wat seit it Ryk? It Frysk Deiblêd skriuwt:

“Maar dat is niet de bedoeling, heeft het ministerie laten weten. ‘Het leren van het Frysk ligt buiten de reikwijdte van de nieuwe Wet inburgering’, schrijft het ministerie aan Brouwer. Het halen van het vereiste niveau voor Nederlands is voor velen ‘al een hele opgave’, waardoor er geen ruimte zou zijn om ook nog Fries te leren. Het rijk wijst er ook op dat statushouders na de inburgering dikwijls verhuizen naar elders, waar geen Fries wordt gesproken.”

Hoefolle dúdliker kinst it Nederlânsk boppe it Frysk sette? Mear as dat: hoefolle dúdliker kinst sizze datst it Frysk net belangryk fynste? Hoe kinst minsken leechlizze? “Twa talen is doch fierste dreech foar jo!” Dat docht my tinken oan de bibleteekmefrou dy’t oan de tsienjierrige my frege: “Zijn die C-boeken niet veel te moeilijk voor jou?” Fansels net! De wrâld is meartalich, minsken binne meartalich en in taal leare is foar lang net elkenien de poepetoer dy’t it ministearje tinkt. Boppedat heart dy taal der yn Fryslân by. Dat is net allinne myn persoanlike opfetting, dat is jim eigen Ryksbelied.

Dan kin it oerheid noch safolle stikken skriuwe dêr’t yn beklamme wurdt dat it Frysk belangryk is, as der sok belied tsjinoer stiet, dan is it in belied fan lippetsjinsten.

april 29, 2021 12:50
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Cor Jousma april 29, 15:41

    Ik moast efkes tinke oan de húsfêsting (1945) fan al dy Dútsers út wat wy no Poalen neame nei de streek dêr’t Sealtersk praat waard/wurdt. Fansels moasten sokke minsken in plak hawwe, mar doe’t de mannichte te grut waard gie de streektaal nei gychem.

    Ik bin it folslein mei Brouwer iens dat statushâlders dy’t hjir om wurk en wenning sykje, leare moatte om it Frysk in bytsje benei te kommen. Fansels sil de iene fierder komme as de oare, mar it besykjen docht der ta.

    By ús yn it doarp wenje aardich wat minsken út Eritreä. Fan ‘e wike hie ik it mei myn buorman út Eritreä oer de mooglikheid om foar en mei dy groep in “klaske” Fryskferstean op te setten. Wa wit…

    Gelokkich hawwe wy yn ús doarp trijetalige skoallen dat sokke bern kinne aanst ien en oar aardich ferstean.

  2. wim april 30, 09:30

    By it tawizen fan in lokaasje moat ek rekken hâlden wurde mei de leeftyd fan ‘e bern. In trijejierrige yn in Frysktalich doarp hat in ridlike kâns om Frysk te learen, wylst it lestiger is foar in 15-jierrige

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.