Henk Wolf – Groetnis út it Sealterlân: Frysk prate op gearkomsten, ek yn Dútslân in rjocht
Resint ferskynd

Net elkenien docht it, mar ûngebrûklik is it perfoarst net om yn gemeenterieden, Provinsjale Steaten en yn kontakt mei de oerheid Frysk te brûken. Yn in iepenbiere gearkomste moatte jo miskien wolris efkes slokke as der wer sa’n fingerke (“Kan het ook in het Nederlands?”) opstutsen wurdt, mar it is aldergeloks lang net ûngewoan om dêr ek yn it Frysk te begjinnen. Dat wol net sizze dat der neat te ferbetterjen is, elke Fries dy’t him ferbrekke moat, is ien tefolle, mar Fryskpraten bûten it fertroulike fermidden is net ûngewoan.
Dat is yn Dútslân oars en dat wist ik ek wol, mar ik sit no sels yn de situaasje dat ik yn Dútslân faak myn taal kieze moat. Okkerdeis wie ik yn it Sealterlân foarsitter op in gearkomste dêr’t praat wurde soe oer it taalbelied yn it Sealterlân fan de kommende tiid. Der wienen fertsjintwurdigers fan de gemeente en fan de befolking by, benammen fan kulturele organisaasjes.
Ik hie earder yn in fideogearkomste oer it Nederdútsk op skoalle meimakke dat elkenien dêr Heechdútsk prate en dat woe ik perfoarst net, dat ik ha by it ferstjoeren fan de útnoeging fan de gearkomste derby skreaun dat de fiertaal frij wie. Oft ik dêr formeel it rjocht ta hie, wit ik net, mar it wurke wol. Net ien hie der beswier tsjin, faaks ek omdat ik derby skreau dat ik foar minsken dy’t net alles begrepen wol in oersetting of in gearfetting regelje woe.
Elkenien op ‘e gearkomste wie fan goede wil. Net elkenien koe alles ferstean en sawol de Sealterskpraters as ik ha wolris wat yn it Heechdútsk gearfette, mar de praktyk wie dat der frijút Heechdútsk, Nederdútsk en Sealterfrysk trochinoar hinne praat waard. Net ien hoegde him te ferbrekken.
Eins wie it heel simpel. Jo moatte der net yn batse, mar gewoan in regel stelle en fernimme litte dat jo de minsken yn ‘e mjitte komme. Fierder moatte jo as foarsitter dúdlik wêze, in bytsje tusken de talen wikselje en as de oanwêzigen net al te stúmsk binne, komt it wol goed.
It ferwûndere my al dat in pear Noardfriezen der sa entûsjast op reagearren doe’t ik der op ‘e sosjale media oer skreau. Hoewol’t de Noardfriezen in protte saken yn ‘e ôfrûne jierren bêst goed regele ha, komt echte emansipaasje dêr noch net sa fan ‘e grûn, wol ‘k leauwe. Fryskpraters yn Noard-Fryslân ferbrekke har noch te maklik. Miskien moat it lytse Sealterlân no it goede foarbyld mar ris jaan. Dan hat fia-fia de taalemansipaasje yn it Nederlânske Fryslân ek yn de Dútske Fryslannen noch wat útwurking.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje