Hast alle Fryske hûs-oan-hûskranten ferdwine
Resint ferskynd

De Huis-aan-huis, de Drachtster Courant en it Sneeker Nieuwsblad. Noch efkes en se binne der net mear. Utjouwerij NDC hâldt op mei de Fryske hûs-oan-hûskranten, sa waard hjoed buorkundich makke. Neffens de útjouwerij is der neat mear oan de kranten te fertsjinjen.
De NDC jout yn Fryslân, Grinslân en Drinte tsientallen lytse kranten út, dy’t faak ien kear wyks ferspraat wurde. It gie al net sa goed mei de ynkomsten, dy’t foaral út advertinsjes komme, en troch de koroanakrisis is it noch minder wurden.
Net allinne yn Fryslân ferdwine de lytse streekkranten yn heech tempo. Yn Noard-Hollân en Limburch hâlde de grutte kranteútjouwers ek op mei de lytse kranten, om’t dy neat mear opsmite. It sjoernalistefakbûs NVJ is der net wiis mei en wiist derop dat de sjoernalistike kontrôle op ‘e gemeentepolityk sa ferdwynt.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje