Harns nûmer 4 yn top 30 meast sochte lytse Nederlânske bestimmingen 2020

april 23, 2021 08:52 Fernijd

Nettsjinsteande de aktuele reisbeheiningen sochten yn 2020 in protte Nederlanners op it ynternet nei ynformaasje oer bestimmingen dêr’t se graach hinne wolle soene. Dat gie ek om lytsere Nederlânske doarpen en stêden.

Harns (foto: pixabay.com)

Holidu.nl die ûndersyk nei it sykfolume yn 2020 op Google foar de syktermen “Wat te dwaan yn…” en “Aktiviteiten yn…” foar alle Nederlânske doarpen en stêden ûnder de 25.000 ynwenners. Dêr rôle in top 30 fan meast sochte Nederlânske lytse bestimmingen út.

It resultaat:
– Zandvoort stiet mei stip op nûmer 1, mei 740 sykopdrachten yn ’e moanne.
– It Oeriselske Ommen en Gelderske Putten folgje op plak 2 en 3.
– Fryslân is fertsjintwurdige yn de list mei de prachtige havenstêd Harns, Limburch mei it pittoreske Vaals.
– Noard-Hollân stiet mei mar leafst trije bestimmingen yn de top 10; Gelderlân en Flevolân komme twa kear yn de top 10 foar.
– De top 10 wurdt ôfsletten troch it Flevolânske Urk, mei opteld 190 sykopdrachten yn ’e moanne.

Lês it folsleine artikel hjir.

april 23, 2021 08:52 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.