Harkje nei ferhalen út de Twadde Wrâldoarloch op Atlantikwall-lokaasjes

april 14, 2021 08:51

Mei it yn gebrûk nimmen fan saneamde ‘harkplakken’ binne de provinsjes Grinslân, Fryslân en Noard-Hollân offisjeel oansletten by Liberation Route Europe (LRE). Ynformaasjepanielen en audioferhalen fertelle yn trije talen oer wat him op dy plakken yn de Twadde Wrâldoarloch ôfspile hat. De plakken binne te finen oan de ynternasjonale betinkingsrûte fan LRE. Dy kuierrûte folget foar safier mooglik itselde paad dat de alliearren fan 6 juny 1944 (D-Day) oan de ein fan de oarloch troch West-Europa ôfleine.

Kazemattemuseum (foto: Jonathan Andrew-Visit Wadden)

Oeral oan de 3000 kilometer lange rûte fan Londen oant Berlyn wurde de yndrukwekkende ferhalen en barrens ferteld troch Liberation Route Europa, dy’t ek fia in fergeze app te beharkjen binne. Yn Nederlân binne ferspraat oer fiif provinsjes ûnderwilens al goed twahûndert te lêzen en te hearren. Earder al yn Drinte en no dus ek by de Waadkust lâns.

Lokaasjes oan de Atlantikwall
De nije lokaasjes by de Waadkust lâns binne der kommen op inisjatyf fan Waadfûnsprojekt Atlantikwall yn it Waadgebiet. Sa is der in harkplak realisearre by it Atlantikwallsintrum yn De Helder, ek in moai startpunt om mear oer de Atlantikwall te witten te kommen. Der binne ek twa harkplakken op Teksel, dy’t ûnder mear it ferhaal fan de Russe-oarloch fertelle. Yn Fryslân is der ien by it Kazemattemuseum Koarnwertersân oan de Ofslútdyk, dat fertelt oer de 255 Nederlânske soldaten dy’t de Dútser tsjin wisten te hâlden oan it begjin fan de oarloch by de Stelling Koarnwertersân.

By Bunkermuseum Schlei op Skiermûntseach wurdt ferteld oer de grutte ynfloed dy’t de bou fan de Atlantikwall hie op it eilân. Yn Grinslân is in harkplak te finen by Batterij Fiemel by Termunten. Krekt as njoggen oare lokaasjes yn it Waadgebiet is ek dy lokaasje tagonklik makke foar besikers mei ynformaasje, bunkers, stellingen en rûtes troch de omkriten.

Batterij Fiemel (foto: Visit Wadden)

Livestreams op lokaasjes
Mei’t de lokaasjes troch de koroanamaatregels op it stuit net besite wurde kinne, is in searje fan fjouwer livestreams makke. Sa kinne omwenners en belangstellenden alfêst in part fan it betstjuttingsfolle erfgoed út de Twadde Wrâldoarloch belibje. De livestreams binne fia de Facebookside fan Visit Wadden te sjen. De livestreams wurde op 14 april (Batterij Fiemel), 21 april (Kazemattemuseum), 28 april (Atlantikwallsintrum) en 12 maaie (Bunkermuseum Schlei) fan 20.00 oant 20.20 oere útstjoerd.

Canadian Trail
It úteinlike doel fan LRE is in protte bysûndere betinkingslokaasjes, harkplakken, musea, erfgoed en lokale hoareka te ûntsluten yn in bliuwend netwurk fan betinkingsrûtes. Om te begjinnen mei in goed útrist netwurk fan (langeôfstâns)kuierrûtes dat de alliearre befrijers bliuwend earet en duorsum toerisme stimulearret. De provinsjes Grinslân, Drinte en Fryslân wurkje gear mei Befrijingsfestival Fryslân oan in spesjaal trasee dat de Kanadeeske befrijers folget, de Canadian Trail. LRE en de trije noardlike provinsjes hoopje mids 2022 it noardlik trasee fan de LRE offisjeel iepenje te kinnen.

april 14, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.