Grapkes meitsje
Resint ferskynd
Oertinking
“Stel, de foet sei: ik bin de hân net en dêrom hear ik net by it lichem, heart er der dan net likegoed by? As it hiele lichem each wie, wêr soe it gehoar keare?” (1 Korintiërs 12:15/17)
Paulus makket grapkes! Wy hawwe it yn tsjinsten wolris útbylde mei allinne in pear eagen of earen op hege skonken. Mei syn grapkes wol Paulus berikke dat wy ynsjogge hoe bespotlik soks is: it minsklik lichem is, mei al syn leden, ien gehiel.
Sa is it ek mei Kristus! “Jimme, as gemeente, binne it lichem-fan-Kristus en elk apart is dêr in lid fan” (12:27). Dêrom moatte kristenen inoar wurdearje, elk is like nedich, elk mei syn of har eigen talint ynbringe. Elk genietet fan syn eigen rol en hat wurdearring foar de ynbring fan oaren.
It is fruchtber om ris nei te tinken oer each-, ear-, mûle-, hân-, of foetkristenen.
In eachkristen bringt it soargjend omsjen nei oaren yn praktyk.
De earkristen kin goed harkje en heart as besiker de pine en it fertriet fan minsken oan.
De mûlekristen is op syn plak yn de kantorij of as húskategeet.
De hânkristen stekt de hannen út ’e mouwen. Hy/sy triuwt de rolstoel, operearret, sortearret klean foar minsken yn East-Europa, helpt mei kerweikes by siken en handikapten, of skriuwt brieven foar Amnesty.
De foetkristen rint mei kollektebussen en listen foar goede doelen, bringt de blommen út tsjerke nei de siken, rint mei yn protestmarsen of set de foet oer de drompel by iensumen.
De dream fan Paulus is: as ien lid lijt, lije alle leden mei; as ien lid eare wurdt, binne alle oaren bliid mei. De gemeente is lichem fan Kristus en moat it alle dagen op ’e nij wurde.
Lêze: 1 Korintiërs 12:14-26
ds. Doede Wiersma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje