Getôch mei de Hynsteblom
Resint ferskynd
Ynstjoerd

Gebou fan de dr. J.Th. de Visser-kweekskoalle, mei de Hynsteblom
De lêste tiid is de Hynsteblom fan Jentsje Popma gauris yn it nijs no ’t Nijkleaster him brûke sil as byldmerk. Ik mis yn de berjochtjouwing de skiednis fan de sa stadichoan ferneamde Hynsteblom.
Jentsje Popma hat it byld foarige iuw makke foar de Kristlike kweekskoalle Mariënburg oan Achter de Hoven yn Ljouwert. Dêr siet de Hynsteblom op de sydmuorre. De symbolyk wie simpel: sa’t de plústers fan de hynsteblom har ferspriede, swaarmje de jonge skoalmasters en -juffen út en siedzje sa rûnom har kennis en leauwe ûnder de jongere generaasje dêr’t se skielk les oan jouwe.
It hie benammen in religieuze betsjutting, ferbylde troch de fisk yn it sintrum. De kearn fan de Hynsteblom sil tenei brûkt wurde as merkteken fan Nijkleaster. It kriget in hiele nije en moderne betsjutting, ûntliend oan de bedriuwsfilosofy fan De gouden Sirkel fan Simon Simek. Foar it gemak is de essinsje fan it oarspronklike keunstwurk weilitten. Op de muorre wiene de plústers fan de blom yn de foarm fan trijehoekjes fan beton plakt, de symboalen fan de útfleanende jonge masters en juffen. Dy symbolyk fan doe is syn krêft kwyt en dêrmei is de Hynsteblom de Hynsteblom net mear.
Doe ‘t wy ein foarige iuw it Mariënburggebou ferkochten oan it bestjoer fan it Lienwardkolleezje wie al dúdlik dat by in needsaaklike ferbouwing de muorre mei de Hynsteblom ferdwine soe. Popma woe dat wy syn keunstwurk op it nije gebou oan de Rengersleane sette soene. Wy fûnen dat it dêr net paste. Ik bin lang om let nei lang ûnderhanneljen mei Popma oerienkommen dat op ús kosten it keunstwurk fan de muorre helle wurde soe en ôflevere by Popma yn syn atelier. Popma hat it letter by syn atelier tsjin in muorke pleatst. Ik wit net oft de “plústers” der noch binne mar dêrsûnder is it keunstwurk net mear kompleet.
Der sille wol hiel wat minsken wêze dy ’t it moai fine dat de Hynsteblom in nij ûnderkommen krige hat en it is ek tige “kreatyf” fan de Nijkleasterlingen om der har eigen dreamen yn te lizzen. De al tige simpele symbolyk fan eartiids wurdt no ferfongen troch in noch simpeler ferkeappraatsje út de sakewrâld .
Jabik van der Bij
Dr. J. van der Bij wie lid fan de Sintrale direksje fan de CHN doe’t om 1990 hinne it gebou fan de Mariënburg oerdroegen waard.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje