Gemeente Weststellingwerf bestriidt ikeprosesjerûp mei minuskule wjirmkes
Resint ferskynd
- LTO Noard: Bioferskaatmaatregels fan boeren foar flinters wurkje 0
- Studinten Friesland College eksposearje eigen kreaasjes yn Keramykmuseum Prinsessehof 0
- Amerikaansk jonkje (6) bestelt foar tûzen dollar oan iten mei heit syn snoadfoan 0
- Utrikking LF2028-prizen by Iepen Mienskipfûnsjûn 0
- Doede Wiersma: De berchrede as troanrede op ’e tredde tiisdei fan septimber 0
Noch efkes lûdshinder, yn ’e simmer gjin jokte. Gemeente Weststellingwerf sette 22 april útein mei in previntive bestridingsaksje fan de ikeprosesjerûp. Dat bart troch goed 4300 ikebeammen te besproeien mei nematoaden (minuskule wjirmkes). Dy ynfektearje de rûp, dy’t dêrtroch stjert. It sproeien soarget foar lûdsoerlêst, mar dêrtroch hat men yn ’e simmer sa min mooglik lêst fan de rûpen.
It besproeien fan ikebeammen mei nematoaden is in natuerfreonlike manier om de ikeprosesjerûp te bestriden en dus net skealik foar minske, bist en natuer. De previntive bestridingsmetoade is tige suksesfol, sa blykt út de resulaten fan ferline jier: 98% fan de behannele ikebeammen hie doe gjin nêsten fan de ikeprosesjerûp mear.
Hoe giet it yn syn wurk?
De gemeente kontrolearret elts jier yn hokker beammen larven fan de ikeprosesjerûp sitte. Op plakken dêr’t bygelyks in protte fytsers delkomme, wurdt de rûp previntyf bestriden. Yn de jûnsoeren of nachts wurde de beammen besproeid. Dat wurdt nei sinneûndergong dien, mei’t de minuskule wjirmkes net oer sinneljocht kinne. Twa wike nei de earste bestridingsomgong wurde de beammen opnij besproeid. Fan juny ôf wurde de oerbleaune nêsten mei in spesjale stofsûger fuorthelle.
Wêrom wurdt de ikeprosesjerûp bestriden?
In folgroeide ikeprosesjerûp hat brânhierren. Dat kin by minsken en bisten ta ferfelende of sels gefaarlike sûnensklachten liede lykas jokte, hûdútslach en yrritaasje oan de eagen en luchtwegen. Mear ynformaasje oer de ikeprosesjerûp is te finen op de webside fan de gemeente Weststellingwerf.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje