Game en bewege mei beweechgame

april 28, 2021 08:38

Boarne: Gemeente Waadhoeke

Beweechteam Waadhoeke komt mei in beweechgame dêr’t alle bern út de gemeente Waadhoeke fan kommende sneon ôf gebrûk fan meitsje kinne. Se hoege mei de telefoan de QR-koade mar te scannen en se kinne yn de eigen krite beweechopdrachten fine. As se dy goed útfiere is der ek noch in priis mei te winnen.

 

Mei de beweechgame hoopje de buertsportcoaches te berikken dat alle bern, ek yn tiden fan koroana, oan de beweechnoarm foldogge en dêrtroch ûnderfine hoe geweldich oft sporten en bewegen is. De game is makke mei it programma Seppo, dêr’t Sport Fryslân foar alle beweechteams yn de provinsje mei gearwurket. It spul is koroana- en AVG-feilich.

april 28, 2021 08:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.