Fyts of kuierje by iuwenâlde pingo’s del

april 24, 2021 07:58

Nijs fan It Fryske Gea

Dobben Hurdegarypsterwarren (foto: It Fryske Gea)

Yn natuergebiet Dobben Hurdegarypsterwarren leit in nij kuier- en fytspaad. De offisjele iepening is yn maaie, mar men kin no al genietsje fan dy unike rûte by iuwenâlde pingoruïnes del. It besteande paad, bewesten Burgum, is opknapt ta in 1,6 km lange ferhurde dyk. Hearlik foar in kuier- of fytstocht, mar ek gaadlik foar hurdrinners en minderfaliden.

Njonken it paad is ek in útsjochpunt, dêr’t men yn alle rêst genietsje kin fan it sicht op ien fan de pingo’s. Wolle jo dêr no of yn de maaiefakânsje hinne? Besjoch dan de gebietskaart fan It Fryske Gea.

april 24, 2021 07:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.