Fynst Tresoar: film fan Joadsk ûnderdûkbern út 1944

april 26, 2021 09:22

Tresoar hat snein in 8mm-film nei bûten brocht mei dêryn seldsume bylden fan in Joadsk famke yn har ûnderdûktiid yn Fryslân. De filmbylden binne yn 1944 makke troch Frans Kloosterman út Ingwierrum. Mei syn frou Geeske Cordel soarge hy derfoar dat it famke, Lea, by harren ûnderdûke koe. De bylden binne by in live-útstjoering fan Omrop Fryslân presintearre.

Lea Cohen (boarne: Tresoar)

Lea Cohen wenne yn de earste jierren fan de oarloch mei har heit, mem, twa bruorren en suster yn Amsterdam. Yn 1943 dûkte de hiele húshâlding ûnder yn Veenendaal. Dêrnei waarden se op ferskate plakken ûnderbrocht. Lea ferhuze nei it noarden fan it lân dêr’t se fia ferskillende ûnderdûkadressen by Frans Kloosterman en Geeske Cordel terjochte kaam. It pear wenne yn Ingwierrum en hie dêr in winkeltsje. Sy hiene twa lytse bern, Johannes (Han) en Rixt (Rixtje). Harren waard net ferteld dat Lea, dy’t ûnderwilens Leni van der Berg hiet, Joadsk wie; sy krigen te hearren dat se út Rotterdam kaam, dêr’t it hûs fan har âlden by in bombardemint rekke wie.

De film toant bylden fan in skynber ûnbesoarge famyljelibben. De húshâlding drinkt kofje wylst de bern boartsje, der wurdt fiske, roeid en sabeare fochten en se bringe in besite oan in boarterstún. Films dy’t Joadske bern yn harren ûnderdûkerstiid yn Nederlân sjen litte, binne hiel seldsum en op ien hân te tellen. Foar Fryslân giet it om unike bylden.

Besjoch de film:

Lea komt benammen yn byld yn de twadde helte fan de goed tsien minuten duorjende film. Sy is werkenber oan de twa lange frissels en meastentiids hat se in donker jurkje oan. De bylden binne nei alle gedachten yn de maitiid en/of de simmer fan 1944 opnommen. Hoewol’t Fryslân dan slim te krijen hat mei Dútske terreur liket de oarloch fier fuort. Yn de film komme gjin Dútske soldaten foar en ek oare tekens fan onderdrukking ûntbrekke. Dochs moat de spanning somtiden grut west ha. Sawol Frans as Geeske sieten nammentlik djip yn it ferset. Njonken Lea joegen se ek feilich ûnderdak oan Gerrit Waas, in Joadske jonge, ek út Amsterdam. Mooglik stiet hy ek op de film, lykas Harry Davids en Fietje Buijtekant, Joadske bern dy’t by oare húshâldings yn Ingwierrum ûnderdûkt sieten. It pear fersprate ek yllegale lektuer.

Lea Cohen, Johannes Kloosterman en Geeske Cordel (boarne: Tresoar)

Lea belibbe nei in spannende oarlochswinter de befrijing yn Ingwierrum. Har âlden, bruorren en suster seach se nei de oarloch werom. Yn 1959 gie Lea út Nederlân wei om har yn Israel te fêstigjen, dêr’t se noch hieltyd wennet. Se troude yn 1965 mei Jacob Zamin, mei wa’t se trije soannen krige: Jonathan, Moshe en Zeevik. As tank foar wat Frans en Geeske Kloosterman foar har dien hawwe, hat Lea foar harren de Yad Vashem-ûnderskieding oanfrege. Sels wurket se ek foar Yad Vashem. Sy kalligrafearret de oarkonden dy’t oan de Rjochtfeardigen útrikt wurde. Lea hat noch hieltyd kontakt mei de famylje Kloosterman, mei Rixt en har nei de oarloch berne suster Maaike.

De filmrol is hieltyd troch de famylje bewarre en wurdt no foar it earst oan de bûtenwrâld toand. Hy is digitalisearre troch it Fries Film en Audio Archief en is fan no ôf te besjen yn de digitale útstalling ‘Wy kinne der noch wol ien by ha’ oer Joadske smokkelbern yn Fryslân yn de Twadde Wrâldoarloch. De digitale útstalling is te sjen op virtueletour.tresoar.nl en is diel fan it projekt ‘De terugkeer van de Joodse kinderen‘. De film stiet ek op it YouTubekanaal fan it Fries Film en Audio Archief.

Digitale útstalling by Tresoar (foto: Tresoar)

april 26, 2021 09:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.