Fryslân Werkt! wurket oan ferbetterprogramma

april 22, 2021 09:15

It brede gearwurkingsferbân Fryslân Werkt! hat as earste arbeidsmerkregio fan Nederlân it reparaasjeprogramma foar de perioade 2021-2022 rûn. Hjoed, tongersdei 22 april, ûndertekenje 22 bestjoerders it programma by it WTC Hotel yn Ljouwert en jouwe dêrmei de ôftraap foar in sûn wurkklimaat yn Fryslân. Foarôfgeand oan de ûndertekening is der in livestream webinar dêr’t it ferbetterprogramma op haadlinen yn presintearre wurdt.

Foto: Fryslân Werkt!

It programma befettet trije haadlinen: krisistsjinstferliening, oplieding en oanpak jeugdwurkleazens, dy’t alle trije útwurke binne yn dielprojekten. De urginsje is heech, want as de stipemaatregels fan de oerheid ôfboud wurde, moat Fryslân Werkt! klearstean om út in mienskiplike oanpak wei tsjinstferliening te bieden. Dy mienskiplike tsjinstferliening wurdt aanst útfierd troch it Regionaal Mobiliteitsteam en hat as doel wurkleazens foar te kommen of sa koart mooglik duorje te litten. Fryslân Werkt! bout dêrby fierder op besteande programma’s dy’t har yn it ferline bewiisd hawwe, en noch hieltyd, lykas opliedingstrajekten rjochting kânssektoaren.

Bysûnder by it ferbetterprogramma is foaral de brede gearwurking fan de Fryske gemeenten, provinsje Fryslân, UWV, it ûnderwiis (ROC Friese Poort, Friesland College, Nordwin College, NHL Stenden, Van Hall Larenstein), VNO-NCW, MKB Noard, SBB, FNV, CNV en it Learwurkloket.

Foarôf oanmelde foar de webinar is net nedich. Dielnimme kin troch op dizze link te klikken.

Foto: Fryslân Werkt!

 

april 22, 2021 09:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.