Fryslân set mei útfiering klimaatakkoart útein

april 8, 2021 07:58

Foto © Provinsje Fryslân

Klimaatferoaring en de stiging fan de seespegel binne in urgint en grut probleem. Om Fryslân sa lang mooglik leefber te hâlden is it dan ek needsaaklik om it mondiale Klimaatakkoart út te fieren. Neat dwaan is gjin opsje. Dat Klimaatakkoart rjochtet him op maatregels dy’t bedoeld binne om de oarsaken fan klimaatferoaring tsjin te gean, it beheinen fan broeikasgasemisjes. De startnotysje dy’t oan Provinsjale Steaten foarlein wurdt, moat de rjochting wize hoe’t it Enerzjyprogramma der krekt út komt te sjen.

Haaddoel fan it Klimaatakkoart is om de trochsneed temperatuerstiging op ierde te beheinen ta op syn heechst 2 graden Celsius. Dêrfoar moat de emisje fan broeikasgassen lykas CO2 (koalstofdiokside) en CH4 (metaan) yn 2050 mei 95% tebekbrocht wêze. It tuskendoel foar 2030 is 49%. It beheinen fan de broeikasgasemisjes yn Fryslân bart fia fiif spoaren:

  • Enerzjyprogramma
  • Feangreideprogramma
  • Lânbou-aginda
  • Provinsjale boskstrategy Fryslân
  • Regionaal Mobiliteits Programma

Stjoering
Alle neamde spoaren wurde fan ’t jier yn Provinsjale Steaten behannele. Yn de Startnotysje ‘Klimaatakkoart en enerzjyprogramma’ wurdt de fraach foarlein hoe’t dy spoaren oanstjoerd wurde. Op 26 maaie e.k. nimme Provinsjale Steaten dêr in beslút oer. Mar wêr kin (útsein dat alles evenredich, doelmjittich en mei draachflak moat) út keazen wurde?

  1. troch monitoaring fan de bydrage fan de ferskate sektorale opjeften oan de klimaatdoelen en mooglike bystjoering fia de sektorale opjeften;
  2. troch in evaluaasje fan de útfiering fan it Klimaatakkoart yn 2024 mei senario-útstellen hoe’t de 2030 klimaatdoelen realisearre wurde kinne;
  3. troch in beskôging fan de útfiering fan it Klimaatakkoart yn 2021 mei senario-útstellen hoe’t de klimaatdoelen fan 2030 realisearre wurde kinne.

Troch it kolleezje wurdt útsteld om te kiezen foar opsje 1. Dat is in opsje dy’t gjin ynbrek makket op rinnende prosessen en mei ferdrach ta in mear yntegrale oanpak laat. Dêrmei is it in fleksibele en adaptive oplossing dy’t foar in totaaloersjoch soarget, mar ek de finger oan ’e pols hâldt wat stjoerings- en karmooglikheden oangiet.

It Enerzjyprogramma (planning ein 2021 yn PS)
Yn de startnotysje wurdt útsteld om in Enerzjyprogramma te meitsjen, in útwurking fan de Omjouwingsfyzje. Dat programma sil de hjoeddeistige beliedsbrief Duorsume Enerzjy ferfange. Yn de útwurking steane de provinsjale ambysjes foar duorsume enerzjy en útkomsten fan de RES sintraal. Dy ambysjes slute oan by de klimaattafels ‘Elektrisiteit’ en ‘Beboude omjouwing’. Yn 2030 wurdt 33% fan de Fryske enerzjy duorsum wûn (yn 2025 is dat 25%) en, ferlike mei 2010, 25% enerzjy besparre. Neffens de ôfspraken út it Fryske Bestjoersakkoart en it nasjonale Klimaatakkoart binne wy yn 2050 ûnôfhinklik fan fossile brânje.

Ferfolchoanpak
By it meitsjen fan in Enerzjyprogramma wurdt mei belanghawwers en bewenners ôfstimd hoe’t de enerzjydoelen berikt wurde kinne, hoe’t mei oare partijen gearwurke wurdt en de rollen ferdield wurde. In earste searje petearen sil foar de simmer fan 2021 syn beslach krije. It Enerzjyprogramma wurdt nei de simmer opsteld. It resultaat sil yntern likegoed as ekstern foarlein en ôfstimd wurde. It Enerzjyprogramma wurdt ein 2021 oan Provinsjale Staten foarlein. De resultaten fan de RES en de yn ‘e hjerst út te fieren systeemstúdzje wurde dêryn meinommen.

Fierder wurdt mei de partijen dy’t it Klimaatakkoart útwurkje oan in notysje oer it te ferwachtsjen resultaat wurke. Dy notysje wurdt nei de simmer opsteld en tagelyk mei it Enerzjyprogramma ein 2021 oan Provinsjale Steaten foarlein.

Utdagingen en kânsen
De maatregels yn it akkoart en it programma sille yn de kommende 30 jier yngripende gefolgen foar Fryslân en syn ynwenners hawwe. Dy gefolgen hâlde net inkeld opjeften yn mar ek útdagingen en kânsen op sosjaal en ekonomysk mêd; Friezen kinne der lokkiger fan wurde. Foarbyld is de eigen wize wêrop’t in soad enerzjykoöperaasjes yn Fryslân aktyf binne om yn it eigen enerzjyferlet te foarsjen. Neist sosjale koheezje kin dat ek liede ta ekonomysk foardiel (gjin hege enerzjyrekken mear).

april 8, 2021 07:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.