Fryslân DOK: 210 Joadske smokkelbern yn Fryslân

april 16, 2021 08:49 Fernijd

Yn de lêste jierren fan de Twadde Wrâldoarloch binne hûnderten Joadske bern yn it geheim nei Fryslân smokkele. By Fryske famyljes fûnen se in feilich ûnderkommen en oerlibben se de oarloch. De fiifdielige Fryslân DOK-searje ‘Smokkelbern’ fertelt de ferhalen fan dy Joadske bern. De ûnderdûkperioade blykt fan tige grutte ynfloed west te hawwen foar harren fierdere libben. ‘Smokkelbern’ is fan 17 april ôf te sjen by Omrop Fryslân en op NPO2.

Boarne: Omrop Fryslân

Neist de Fryslân DOK-searje bringt Omrop Fryslân op 25 april om 17.00 oere yn in live telefyzje-útstjoering Joadske ûnderdûkbern fan oer de hiele wrâld byinoar.

Ferdjipping, ferriking en mear persoanlike ferhalen binne te beharkjen yn de podcast ‘Smokkelbern’.

Studintefersetsgroep
De Hollandsche Schouwburg yn Amsterdam waard brûkt as sammelplak foar de Joaden dy’t dêrwei nei Westerbork deportearre waarden, en dan fierder nei konsintraasjekampen. Lytse bern waarden ûnderbrocht yn de kresj oan de oare kant fan de strjitte. In groep jonge studinten slagge deryn de bern fuort te smokkeljen nei ûnderdûkadressen op it Limboarchske en Fryske plattelân. Op dy wize waarden ûngefear 600 bern rêden. Yn lytse doarpen op it Fryske plattelân hiene de bern in feilich ûnderkommen.

Trauma
Nei de befrijing folge in ûnwisse takomst foar de Joadske bern. As de âlden de oarloch net oerlibbe hiene, moast der foar de bern in nij plak fûn wurde. Yn in soad gefallen besleat de Rijkscommissie voor Oorlogspleegkinderen (OPK) dat de bern better by famylje of yn in oare (heal)-Joadsk húshâlding opgroeie koene, mar somtiden ek mochten se by it pleechgesin bliuwe. It oarlochstrauma kaam by de bern soms pas nei tsientallen jierren nei boppen. Dan die bliken dat dy ûnderdûkperioade allesbepalend west hie foar de rest fan harren libben.

Boarne: Omrop Fryslân

Smokkelbern diel 1 ‘Teesurrogaat’
Sneon 17 april, 15.05 oere, NPO2 (werhelling 18 april 13.10)
Snein 18 april, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren).

De earste Fryslân DOK ‘Smokkelbern’ is op 17 en 18 april te sjen, de oare dielen folgje de kommende fjouwer wiken op sneon en snein. Smokkelbern, de podcast is te finen by Omropfryslan.nl/smokkelbern en fia Spotify, Google en iTunes op de smartphone.

Alle ferhalen wurde makke yn it ramt fan it projekt De Terugkeer van de Joodse Kinderen.

april 16, 2021 08:49 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.