Fryske skriuwers kinne tenei rêstich wurkje yn it bertehûs fan Gysbert Japiks

april 2, 2021 11:03
It bertehûs fan Gysbert Japiks

It Gysbert Japicxhûs yn Boalsert is hast museum-ôf. De stifting dy’t it bertehûs fan Gysbert Japiks (of Japicx) beheart, ferkeapet it pân oan ‘e gemeente Súdwest-Fryslân. Dy wol it net langer as museum yn gebrûk hâlde.

Ynstee wurdt it pân ferboud ta in plak dêr’t skriuwers en taalkundigen rêstich wurkje kinne. It arkje fan de ferstoarne skriuwer Rink van de Velde op ‘e Feanhoop hat sa’n selde funksje.

Gysbert Japiks libbe fan 1603-1666. Hy wie de earste literêre skriuwer yn de Fryske taal.

april 2, 2021 11:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.