Fryske Previnsje-oanpak kriget erkenning fan VWS

april 15, 2021 08:43

Fryslân hat in poerbêste sûnenssoarch. Dat is benammen dúdlik wurden trochdat it ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport (VWS) okkerdeis subsydzje takend oan de Fryske Previnsje-oanpak. By dat inisjatyf wurkje tal fan organisaasjes mei-inoar gear yn it belang fan in goede sûnens en in lokkich libben mei gelike kânsen foar jong en âld.

Effektiver
Neffens Margreet de Graaf, direkteur publike sûnens GGD Fryslân, setten alderhande ynstellingen har lokaal en regionaal al tige yn foar in sûne mienskip, mar it koe noch better. Yn de Fryske Previnsje-oanpak wurdt provinsjaal gearwurke, fan inoars ûnderfiningen leard en fan inoars gegevens en kunde gebrûk makke. Sa wurdt de besteande foarsoarch optimaal en kinne nije aktiviteiten ûntwikkele wurde as dat nedich is, alles yn it belang fan in sûn en lokkich libben foar elkenien.

Mear omtinken foar alle libbensfazen
Anneke Meijer, programmamanager fan de Fryske Previnsje-oanpak, achtet it mear as ea fan belang om mei-inoar yn te setten op previnsje. “In goede sûnens fersterket it ymmúnsysteem en we witte ûnderwilens hoe belangryk oft dat is. Wy sjogge oer de hiele breedte nei alle fazen yn it libben en nei faktoaren dy’t fan ynfloed wêze kinne op sûnens en wolwêzen. Troch op faktoaren as earmoed, libbensomjouwing en soarte fan oplieding yn ús mienskiplike oanpak acht te slaan, kinne we de minsken noch better op it doel ôf helpe. Sa foegje we yn Fryslân echt wat ta.”

VWS-subsydzje foar previnsjekoäalysjes
Mei in spesjale subsydzjeregeling stimulearret it ministearje fan VWS gemeenten en soarchfersekerders om op it mêd fan previnsje struktureel mei-inoar gear te wurkjen, mei it doel dat de sûnens fan ynwenners ferbetteret. Dêr is oant 2024 sawat 690.000 euro foar beskikber. De oanfraach is yntsjinne troch De Friesland, gemeenten en GGD. Steven Hofenk, direkteur fan De Friesland, wit dat se yn De Haach de gearwurking yn Fryslân mei belangstelling folgje. De subsydzje is neffens him in moaie erkenning. Hy hopet dat sa in protte minsken leechdrompelich holpen wurde kinne. No is it mooglik om it effekt fan ynsette oanpakken te folgjen en dêr inisjativen fan ynwenners yn mei te nimmen. Bloeisône Fryslân neamt er dêr in moai foarbyld fan.

april 15, 2021 08:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.