Fryske partijen wolle mei ynwenners klimaatútdagingen oanpakke

april 5, 2021 08:49

Ynwenners fan Fryslân wurde hieltyd mear konfrontearre mei de gefolgen fan feroaringen yn it klimaat. Der ûntstiet hieltyd faker skea troch waarsekstremen, lykas drûchte, hjitte en hoasbuien. De beskikberens fan swiet wetter nimt ôf en it drinkwettergebrûk nimt allinnich mar ta. Om Fryslân ek yn ’e takomst leefber te hâlden, wolle Provinsje, Wetterskip, Vitens en oare Fryske gemeenten ynwenners en ûndernimmers helpe om dêr sels mei oan ’e slach te gean.

Ynwenners en ûndernimmers hawwe faak net genôch kennis of middels om sels oan ’e slach te gean mei bygelyks it fergrienjen fan de tún of hoe’t se drinkwetter besparje kinne yn de wenning. Mear as fyftich persint fan de beboude grûn yn Fryslân is yn it besit fan ynwenners en ûndernimmers. In protte tunen en bedriuwsterreinen binne behoarlik ferstienne en dêrtroch kin wetter as it fûl reint net goed nei de ûndergrûn fuortkomme. It opfongen reinwetter kin dan ek net wer brûkt wurde. Yn de simmer soarget it ferstienne oerflak, benammen yn stêden, ek foar tige oprinnende temperatueren. De kommende jierren nimt dat probleem nei alle gedachten allinnich mar ta.

Foto © FWBK

Troch minsken te ynformearjen en te ynspirearjen mei tips en ynformaasje en se wêr’t dat kin by goede lokale inisjativen te stypjen, wolle de oerheden de ynwenners en ûndernimmers bewuster meitsje en hânfetten jaan om sels oan ’e slach te gean yn harren eigen wenning of wyk. Troch oanpassingen te dwaan yn ús libbensomjouwing, huzen of bedriuwen, kinne we snoader mei ús wetterfebrûk omgean. En troch oanpassingen yn de tún te dwaan, kinne we better foarkomme dat it yn ’e simmer te waarm wurdt of dat by in protte rein ús tunen en strjitten derûnder strûpe.

It Frysk Bestjoersakkoart Wetter en Klimaat (FBWK) wol mear gearwurking sykje mei bygelyks túnsintra, wenningkorporaasjes en musea. Gemeenten besykje mear ynsjoch te krijen yn it ferlet fan ynwenners. Dêrby wurdt ek tocht oan it fergrutsjen fan de leefberens en feiligens yn wiken troch te fergrienjen. Dêrneist wolle de partijen gearwurkje yn konkrete foarbyldprojekten dêr’t oare organisaasjes wer harren foardiel mei dwaan kinne.

It FBWK is in gearwurkingsprojekt fan Provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân, Vitens en alle Fryske gemeenten. De partijen hawwe de ambysje om mei in mienskiplike oanpak de kommende jierren it wetterbewustwêzen by ynwenners en ûndernimmers te fergrutsjen en meters te meitsjen yn it mienskiplik realisearjen fan in wetterrobúst Fryslân, dêr’t wy ús mienskiplik yn oanpasse oan it feroarjende klimaat.

april 5, 2021 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.