Fryske húsdokters sykje leafhawwers foar oanbrutsen fleskes AstraZeneca-faksin

april 12, 2021 13:50

Hoewol’t de Fryske âlderein de AstraZeneca-spuit tsjin koroana oer it generaal wol hawwe wol, binne der ek ôfsizzigen. De oanbrutsen fleskes moatte dan wol leech, want it guod kin net bewarre wurde. Dêrom binne yn in pear gefallen oare minsken frege om te kommen. It giet om sechtichplussers dy’t noch gjin oprop krige hiene. De groep 65-75 jier hat noch gjin oprop krige.

By húsdokterpraktyk ‘t Dok yn Harns makke trijekwart fan de oproppen Harnzers fan de útnûging gebrûk, by praktyk Trynwâlden yn Oentsjerk wie dat 72 prosint. Minsken dy’t ôfrûne sneon net koene of letter dochs noch in prip helje wolle, kinne harren by dy praktyk melde. Húsdokter Wynstra út de Trynwâlden is ‘net ûntefreden’ oer de opkomst fan 72 prosint, nei alle negative publisiteit oer it AstraZeneca-faksin. Neffens him leit de opkomst op itselde nivo as by de jierlikse grypprik.

By de praktyk fan dokter Bruins yn Appelskea oerhearske earst teloarstelling oer de lege opkomst fan 58 prosint. “Hearst rûnom dat elkenien graach sa gau mooglik de frijheid werom hawwe wol en dan komme in soad minsken net”, seit de dokter. De dokter siet mei njoggen personielsleden klear. Guont hiene harren frije dei opoffere. En dan is it in tebeksetter as oan it begjin fan de dei in soad minsken net opdaagjen komme. Folle minder as dat se tocht hiene.

It lestige mei it AstraZenica-faksin is dat de flakons op moatte, as se ienkear oanbrutsen binne. Kinst se net bewarje yn de kuolkast foar letter. De dokter hat, doe’t dúdlik wie dat der in soad oerbliuwe soe, frege oft de minsken ek famylje, kunde en buorlju hiene boppe de 60 jier dy’t noch gjin prik hân hiene en dy wol graach hawwe woene. Doe waard it dochs noch drokker.

Op dit stuit wurdt de groep 60-65 yninte mei it AstraZenica-faksin. De groep 65-75 is noch net oan bar, mar dokter Bruins hat dy op fersyk wol yninte. Guon minsken wiene sels sa emosjoneel, dat se gûlden dat se in prip krigen. Blydskip wie der ek. De dokter en it personiel krigen fan ien folde koeken oanbean.

Bruins snapt net dat de lytse kâns op bywurkingen fan it AstraZenica-faksin sa’n grutte rol spilet dat minsken it manmachtich ôfwitte litte. Der is eangst foar bywurkingen fan tromboaze, mar de kâns dêrop is by de antykonsepsjepil folle gutter en dêr hearst gjinien oer, sa seit er.

Boarne: Omrop Fryslân

april 12, 2021 13:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.