Frysk Strjitfestival ferhuzet nei septimber

april 19, 2021 08:43

It Frysk Strjitfestival ferhuzet dit jier fan de maitiid nei 16 o/m 19 septimber. It Ljouwerter festival sil dan in oare foarm hawwe as de besikers wend binne. Minder yn de massa, mear yn de yntimiteit. Foarop stiet dat it thússitten trochbrutsen wurdt en der binnen de feilichheidsmarzjes bûten de doar wer ferbining socht wurdt.

Foto: ©Ben Broomfield Photography

Olivier Grossetête (foto: ©Jamie-Williams)

Artysten moatte in poadium krije om besjoen en beharke te wurden troch in live publyk en oarsom moat publyk in artyst wer yn it echt meimeitsje kinne. De ynteraksje tusken artyst en publyk is essinsjeel foar it festival. Wichtich is ek dat it festival op in feilige manier leechdrompelich is en tagonklik foar elkenien. Dat kin neffens de organisaasje mei in oersichtlik programma op sfearfolle, ôfbeakene lokaasjes. Dêr kin men, al of net mei in reservearring, fergees tagong krije ta eksklusive foarstellingen op bysûndere plakken, dêr’t de oardel meter en oare foarskriften yn it ramt fan koroana hanthavene wurde.

De Aldehou fan karton?
Njonken de plannen foar ferskate foarstellingen op yntime lokaasjes, is it de bedoeling dat der yn elts gefal ien grutte haadact yn it sintrum fan Ljouwert boppe de minsken úttuorket. De organisaasje is drok dwaande om Olivier Grossetête mei syn partisipaasjeprojekt Monumental Constructions nei Ljouwert te heljen. In útnûging oan it Fryske publyk om mei-inoar oan in ymposanten grutte konstruksje te bouwen (miskien wol in rekonstruksje fan de Aldehou, makke fan karton?). De ultime útdaging om de ferbining mei de stêd en syn bewenners te sykjen en te fersterkjen. De dielnimmers wurdt frege om lege kartonnen doazen yninoar te setten en in monumint te bouwen sûnder kraan of masine, allinnich mei minsklike enerzjy en spierkrêft. Fan de konstruksje oant de kollektive ferneatiging, in spektakel om oan mei te wurkjen of nei te sjen. En as it nedich is, ek koroanaferantwurde te organisearjen.

Ofbylding: Frysk Strjitfestival

Fan tichtplicht nei útbrekke
It nije posterbyld fan it Frysk Strjitfestival dit jier, in keunstsinnige ylllustraasje fan Berber van den Brink, fisualisearret hoe sterk oft de ferbining mei ús eigen huzen troch de pandemy groeid is. It byld fertelt net allinnich hoe’t it Frysk Strjitfestival sels ferhuzet, mar ek dat it syn hûs noch efkes meinimt ûnderweis foar de yntimere foarstellingen op ôfbeakene posysjes. En dat tagelyk mei in hoopfolle blik foarútsjocht nei in perioade dêr’t we mei ús allen yn útbrekke, nei bûten doare te sjen, de ferbining sykje mei ús omjouwing en mei-inoar in monumintale konstruksje út de grûn stampe.

It Frysk Strjitfestival set alle jierren, normaalwei yn it lêste wykein fan maaie, de Ljouwerter binnenstêd op ’e kop mei fergees strjitteater en muzyk. De projektorganisaasje operearret ûnder de flagge fan Stedsskouboarch De Harmonie.

Foto: ©Halászbásta és Ledöntés

april 19, 2021 08:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.