Frysk Fersetsmuseumpriis 2020 útrikt oan Nordwinkolleezje Bûtenpost

april 25, 2021 08:43 Fernijd

De Frysk Fersetsmuseumpriis wurdt twajierliks útrikt oan jongeren of dosinten dy’t wat dogge om it oantinken oan oarloch, besetting en ferfolging libben te hâlden. Dit jier hawwe de sjueryleden in dosinteteam fan it Nordwinkolleezje yn Bûtenpost útroppen ta winner fan de priis. De dosinten organisearje nammentlik alle jierren in projektwike oer de Twadde Wrâldoarloch. Tongersdei 22 april ûntfongen de dosinten en learlingen in jildpriis fan 500 euro. De priis wurdt beskikber steld troch de Stichting Fryslân 1940-1945 en Stichting Snits 1940-1945.

Foto: Marieke Balk

In morsekoade kreakje, in krisiskeek bakke of diskusjearje oer minskerjochten. It komt allegear foarby yn de projektwike fan dosinten Doede Dooper, Ottje Visser, Marco van Veen en Mathijs IJkema fan it Nordwinkolleezje yn Bûtenpost. Al mear as fyftjin jier organisearret it Nordwinkolleezje in projektwike oer it tema Twadde Wrâldoarloch, foar learlingen fan learjier 2. De aktiviteiten rinne tige útinoar, fan serieuze ûnderwerpen as kollaboraasje, hoe wurket it ferset en wat is goed en ferkeard oan in militêr bootcamp: alles stiet yn it teken fan oarloch. Doede Dooper reagearret: “Wy binne tige grutsk op dizze priis.”

De sjuery wie benammen ûnder de yndruk fan de mearsidigens fan de projektwike, dat in ‘hertferwaarmjend inisjatyf’ neamd waard. “In protte skoallen binne yn dizze perioade mei de Twadde Wrâldoarloch dwaande, mar de skaal en oanpak fan dizze projektwike fertsjinnet alle lof.” De sjuery priizge ek de ynset fan de dosinten en learlingen. “Der is muoite dien om oan te sluten by de jongeren sels en om se oan it tinken te setten oer aktuele ûnderwerpen. In breed skala oan edukative middels wurdt ynset. In moaie miks fan teoretyske en praktyske opdrachten, ekskurzjes en sels oan ’e slach. Wat moat it moai wêze om op dizze skoalle te sitten!” De sjuery bestie dit jier út: Yeb Seffinga (Stichting Snits 1940-1945), Tineke Vlietstra (Stichting Fryslân 1940-1945) en Marre Faber-Sloots (Frysk Fersetsmuseum).

Besjoch de webside fan it Frysk Fersetsmuseum foar mear ynformaasje oer it museum en de Frysk Fersetsmuseumpriis.

april 25, 2021 08:43 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.