FNP’er Sybren Posthumus út de polityk

april 7, 2021 10:01

Sybren Posthumus (foto © FNP)

Steatelid Sybren Posthumus fan de FNP ferlit nei mear as tsien jier de Fryske Steaten. Nije útdagingen brochten him ta dat beslút. Syn opfolger, Gerben van der Mei fan Tsjummearum nimt yn de Steategearkomste fan 21 april it stokje fan him oer.

Posthumus begûn as Steatelid yn maart 2011. Dêrfoar siet er al as stipelid in skoft yn de FNP Steatefraksje. Op oare mêden wie er ek al lang foar de FNP warber, ûnder mear as riedslid yn Ljouwert fan 2002 oant 2007. Hy wie de spesjalist Finânsjes, Ekonomy, Rekreaasje en Toerisme fan de Steatefraksje en hat fan 2015 oant 2019 ek as Steatelid yn it Algemien Bestjoer fan Tresoar sitten.

Fraksjefoarsitter Sijbe Knol fynt it spitich dat Posthumus dermei ophâldt, mar hat alle begryp foar syn persoanlike kar: “Alle respekt foar Sybren syn krewearjen. Hy hat foar de FNP in geweldich soad út ’e wei set. Op basis fan syn evenredichheid, dossierkennis en saakkundichheid wie er foar de FNP altyd in fêste wearde. Dêr binne wy him o sa tankber foar.”

Posthumus wie neist syn politike wurk yn Fryslân benammen ek aktyf as Europawurdfierder. Fyftjin jier makke er diel út fan de EFA-fraksje yn it Europeesk Parlemint en as bestjoerslid fan de EFA wie er foar de FNP de skeakel mei Brussel.

april 7, 2021 10:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.