FNP-Steatelid Sybren Posthumus: soarch oer takomst demokrasy

april 21, 2021 15:00

Taspraak by it ophâlden fan Sybren Posthumus as Steatelid

Soarch oer takomst demokrasy

Sybren Posthumus (foto © FNP)

Foarsitter, by in ôfskied past my foaral tankberens. Tankber, yn it foarste plak oan myn famyljeleden dy’t altyd om my hinne stien hawwe. Mar, benammen ek oan myn partij, de FNP. Dy’t dit allegear mei mooglik makke hat, my it betrouwen jûn hat, sadat ik wurkje mocht hjir yn de Steaten en earder ek al yn de beide gemeenterieden. It wie ek hiel moai dat my in ‘kijkje in de keuken’ gund is yn de Earste Keamer en it Europeesk parlemint, fia de skaadfraksje fan de OSF en de EFA. Yn dy sin binne alle nivo’s foar my sichtber wurden. Mar myn tank giet foaral út nei in oantal persoanen, de fraksjemeiwurkers yn de rin fan de tiid, Yde, Janke, Wietske, Aukje en Frank, it wie geweldich. De kollega’s, Johannes, Annigje, Jan, Anna-Martha, Auke, Wopke, Corlienke, Sijbe, Rein en Klaas, ek as deputearre fansels. De fraksjegearkomsten wienen foar my altyd in hichtepunt yn de wike en dat seit genôch. De stipefraksjeleden fan no, Thom en Aant Jelle. Hotel-restaurant Duhoux yn Wurdum, dêr’t wy altyd telâne koenen en dêr’t ik op tiisdeitemiddei altyd mei safolle nocht hinne fytste. Jim allegear, kollega-steateleden, wat hawwe wy in moaie gearwurking hân. Want wy dogge it mei-elkoar, foar Fryslân! It Kolleezje, tankewol foar alle oparbeidzjen. It wie foar my ek bysûnder om it gearwurkjen yn in koalysje fan binnenút mei te meitsjen, fan 2011 ôf, doe’t wy as FNP der foar it earst yn kamen. De griffy fansels, jim stienen altyd foar ús klear. De boades en al it oare personiel, fantastysk! En fansels, jo, kommissaris, foarsitter fan ús Steaten, mar ik mei ek Arno sizze. De Steaten hawwe mei dizze foarsitter goud yn hannen. En der binne fan dy minsken dy’t jo jo hiele libben op jo paad oantreffe sille, Arno, do bist der neffens my ien fan.
En fan dit plak ôf wol ik myn opfolger Gerben van der Mei alfêst alle súkses tawinskje. Hy is fiskaal jurist, it moat goed komme!

By in ôfskie komt altyd de fraach nei foaren, wolst de minsken ek noch wat meijaan? No, foarsitter, dat is in aktueel tema en dat giet oer de demokrasy sels en de soarch dêroer, want hoe komt it?

It begûn mei Omtzigt, hoewol, wie der al net folle earder in soad mis? In pear jier lyn waard al foarsein dat yn dizze tiid in soad skandalen nei bûten ta komme soenen.

Omtzigt hie it ek oer macht en tsjinmacht – der moat yn Nederlân tsjinmacht organisearre wurde. Hy hie it oer ‘de Haagse kliek, de innige band tussen regering en kamer, tussen regering en de pers’. De struktuer en it systeem moat oars. Foarsitter, yn in soad oare steaten yn Europa is dy tsjinmacht ûnder oare sa organisearre dat net alles sintraal organisearre is. Der binne regionale parleminten, tink oan Dútslân, België, Eastenryk en de UK, dy’t in stik sizzenskip oernommen hawwe. In pear jier lyn neamde Rimmer Mulder, earder haadredakteur by de Ljouwerter krante, it stribjen fan de FNP om te kommen ta regionale autonomy ‘legitym’. Sa’n stânpunt wie 10-20 jier lyn by de LC beslist noch net oanwêzich. Regionale autonomy kin ûnderdiel útmeitsje fan de tsjinmacht.

En it is hurd nedich, foarsitter, feroaring en tsjinmacht. In skoftke lyn wie der in enkête fan de trije omroppen OF, RTV Noord en RTV Drinte. Net mear as 18 persint fan de ynwenners fielt him fertsjintwurdige troch polityk Den Haag. Se fine dat regionale ûnderwerpen en tema’s dêr te min oan bod komme. Mar ien op de tsien minsken is tefreden mei de wize wêrop’t de Twadde Keamer nei de regio sjocht. Mar trije fan de tsien minsken út Fryslân, Grinslân en Drinte is it iens mei de stelling ‘Ik heb vertrouwen in de landelijke politiek’.

Tsjinmacht, dan hawwe jo it ek oer de kiezers sels, de befolking. Mar, as dy it der no net mei iens binne en fan har hearre litte? Demonstraasje mei yn Nederlân net iens mear in demonstraasje neamd wurde, mar it hjit tsjintwurdich ‘kofjedrinke’. As jo it al in demonstraasje neame, kin de plysje by jo thúskomme en wurdt drige mei 10.000 euro boete. Hoesa, demonstraasje as grûnrjocht?

Foarsitter, by grutte soargen oer de demokrasy en tsjinmacht haw ik it net allinnich oer Nederlân. Ek oer Europa en de rest fan de wrâld. Ferskate steateleden hjir hawwe my wolris frege, Sybren, watfoar spjeldsje hasto no hieltyd op? Foarsitter, dat spjeldsje giet oer solidariteit mei de Katalaanske politike finzenen. Der sitte hjir, yn de EU, minsken yn de finzenis, achter de tralys, omdat se in referindum oer de takomst fan harren lân organisearre hawwe. Ien fan harren is myn freon Oriol Junqueras, dy sit 13 jier yn de sel. En ien persoan, de parlemintsfoarsitter fan Kataloanje, omdat sy in debat oer dat referindum tastien hat. Mei oare wurden, de Katalaanske ‘Brok’ sit hast 12 jier yn de sel!

Foar harren en al dy oare kollega’s fan ús op de hiele wrâld dy’t as politike finzenen no achter de tralys sitte freegje ik jimme om te stean en in momint stilte yn acht te nimmen.

Foarsitter, tankewol.

april 21, 2021 15:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.