‘Floed’, in bysûnder teaterbelibjen by it Woudagemaal

april 26, 2021 08:52

Spesjaal foar it 100-jierrich jubileum fan it Ir. D.F. Woudagemaal op ’e Lemmer biedt Wetterskip Fryslân it Unesco Wrâlderfgoed as poadium oan foar de Frysktalige teaterproduksje Floed. Stichting de Noorder Smederij bringt de foarstelling koroanaferantwurde yn septimber/oktober fan dit jier.

©Almar Setz Fotografie

It ferhaal fan Floed
It Woudagemaal op ’e Lemmer fertelt al mear as hûndert jier ferhalen. Mar ien ferhaal is noch net ferteld. It ferhaal fan Mare en Gula, it wetter en it gemaal. Mare hat mar ien grutte leafde yn har libben, it wetter. Dy leafde transformearret yn in einleas langstme nei wetter, nei mear wetter. As Mare leafdesbrieven skriuwt oan it wetter by de Iselmar, beslút Gula it Woudagemaal út ’e sliep te heljen. It wetter foar it gemaal stiget oant driigjende hichte. It gemaal begjint hieltyd hurder te draaien, mar sil it op tiid wêze om Mare te rêden?

Ir. D.F. Woudagemaal
It Woudagemaal, eigendom fan Wetterskip Fryslân, is it grutste noch wurkjende stoomgemaal op ’e wrâld. It is yn 1998 op de Wrâlderfgoed fan Unesco set. By ekstreem heech wetter soarget it noch hieltyd foar drûge fuotten yn Fryslân. Keninginne Wilhelmina iepene it Woudagemaal goed hûndert jier lyn, op 7 oktober 2020. In unyk gebou op in unike lokaasje en noch hieltyd funksjonearjend yn in tige aktuele kontekst: de striid tsjin it wetter.

Spyldata en kaartferkeap
Spyldata: 17 septimber o/m 2 oktober 2021. De rezjy is yn hannen fan Theo Smedes. Kaarten binne no alfêst te bestellen. Sjoch foar mear ynformaasje op www.floed.nl.

Foto © Aant Mulder

april 26, 2021 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.