Fjouwer âldste bern Ruinerwold spanne sivile saak tsjin heit oan

april 15, 2021 08:26

De fjouwer âldste bern fan Gerrit Jan van D. spanne in boargerrjochtsaak tsjin harren heit oan. De strafsaak tsjin de man dy’t jierrenlang mei syn bern ferburgen siet yn in pleats yn Ruinerwold waard foarige moanne stopset fanwege syn minne sûnens. De bern wolle dochs dat in rjochter oer de saak oerdielet, sei harren advokaat Corinne Jeekel woansdeitejûn yn it telefyzjeprogramma Op1.

Foto: pixabay.com

Dêroan foarôf waard it lêste diel fan in fjouwerdielige dokumintêrrige oer de húshâlding yn Ruinerwold útstjoerd. Fia NPO Start is tongersdeitejûn fan 20.00 oere ôf noch in ekstra diel te sjen, mei opnamen dy’t net yn de dokumintêrerige opnommen binne. Yn it programma De Vooravond (NPO 1) wurdt tongersdei ek omtinken oan de saak jûn. Twa fan de (no folwoeksen) bern sitte dan oan tafel om te fertellen hoe’t it no mei harren giet.

De strafsaak tsjin Van D. waard begjin maart stopset. De 68-jierrige Van D. krige yn 2016 op de pleats yn Ruinerwold in beroerte en is no heal ferlamme en kin hast net prate. Hy waard fertocht fan frijheidsberôving fan alle njoggen bern en fan seksueel misbrûk fan twa fan de âldere bern.

Neffens Jeekel is in sivile saak mooglik, om’t de heit net ûnder kuratele stiet en dus hannelingsbekwaam is. Hja hâldt der wol rekken mei dat in advokaat sizze sil dat Van D. dochs noch ûnder kuratele steld wurde moat.

De heit wennet no wer by fjouwer fan syn fiif jongste bern dy’t allegear folwoeksen binne. Oan ’e ein fan de dokumintêrerige kaam in ferklearring yn byld fan ien fan de jongste bern, dat seit dat it net mear by de heit wennet mei’t dy te folle dingen dien hat dy’t net te rjochtfeardigjen binne. De fjouwer âldste bern hiene earder de húshâlding al ferlitten.

april 15, 2021 08:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.