Film ‘Nomadland’ grutte winner Oscars

april 26, 2021 09:13

Anthony Hopkins hat ôfrûne nacht de twadde Oscar yn syn libben wûn foar syn rol yn The Father. De 83-jierrige Hopkins spilet yn it drama de rol fan in man dy’t troch Alzheimer de greep op de werklikheid ferliest. De Britske akteur wûn tritich jier lyn syn earste Oscar foar syn rol yn The Silence of the Lambs.

Foto: morguefile.com

De film Nomadland helle de wichtichste prizen fan de jûn binnen. Chloé Zhao waard de twadde frou dy’t bêste rezjy op har namme skriuwe koe, alve jier nei Kathryn Bigelow foar The Hurt Locker. It drama Nomadland oer Amerikanen út de ûnderklasse dy’t mei in kemper troch it lân lûke, wûn ek Oscars foar bêste film en bêste aktrise foar Frances McDormand. It wie har tredde Oscar as aktrise.

Besjoch de trailer fan Nomadland.

De Bosnyske film mei in Nederlânsk tintsje Quo Vadis, Aida? oer de fal fan Srebrenica foel neist de prizen. De Oscar foar bêste bûtenlânske film gie nei Druk, fan de Deenske regisseur Thomas Vinterberg en de Amsterdamske produsint Topkapi.

april 26, 2021 09:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.