Ferrommingen koroanamaatregels noch net wis

april 10, 2021 10:13

Demisjonêr minister Hugo de Jonge sei freedtejûn by Beau dat de ferrommingen fan de koroanamaatregels noch net wis binne. “Wy sille gjin gekke dingen dwaan”, sei er oer de mooglike ferrommingen fan 21 april ôf.

Foto: GGD

Ofrûne wike lekte út dat it kabinet oan ferrommingen wurket. By it Outbreak Management Team leit in plan om letter dizze moanne terrassen en winkels wer te iepenjen. Der binne ek plannen foar tsientallen proefeveneminten. Mar de demisjonêr minister warskôge dat minsken net al te optimistysk wurde moatte. Oankommende tiisdei is der wer in parsekonferinsje fan it kabinet oer de koroanamaatregels.

De Nederlânske Feriening fan Sikehuzen reagearre ôfrûne wike ferbjustere op de plannen foar ferromming. De koepelorganisaasje sei doe dat de druk op de sikehuzen ferskriklik heech is. De Jonge sei dat der ek perspektyf nedich is foar de befolking, mar dat yn it sicht fan de haven gjin domme dingen dien wurde moatte.

Ut de resintste koroanawyksifers docht bliken dat der ôfrûne wike yn trochsneed 6760 positive testen wiene. Dat is acht persint minder neffens de wike derfoar. Tagelyk waard bekend dat sikehuzen de kapasiteit fan de yntinsive soarch útwreidzje mei’t it tal opnommen koroanapasjinten mear wurdt. De reguliere soarch wurdt just ôfskaald fanwege it grut tal koroanapasjinten yn sikehuzen.

april 10, 2021 10:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.