Ferieningslibben krusjaal foar de mienskip

april 4, 2021 08:51

Earste resultaten ûndersyk nei ferieningslibben presintearre by wurkkonferinsje ‘Leve de Vereniging!’

Nearne yn Nederlân is it ferieningslibben sa grut as yn Fryslân. It makket ûnmiskenber diel út fan de Fryske kultuer. Mar ferieningen hawwe it tal leden de ôfrûne jierren tebekrinnen sjoen en de frekwinsje fan it dielnimmen nimt ek ôf. Boppedat komt der hiel wat op de ferieningen ôf, lykas de gefolgen fan de koroanakrisis en tanimmende regeljouwing.

Boarne: Keunstwurk

Om de útdagingen en kânsen foar it ferieningslibben yn kaart te bringen, is it Frysk Sosjaal Planburo, yn gearwurking mei Sport Fryslân, Doarpswurk en Keunstwurk úteinset mei in breed ûndersyk. De earste resultaten binne tongersdei 1 april presintearre by de wurkkonferinsje ‘Leve de Vereniging!’.

Ut wittenskiplik ûndersyk docht bliken dat in aktyf lidmaadskip by in feriening derta laat dat minsken har folle mear belutsen fiele. Dêrtroch fiele minsken har faak minder iensum en ûnderfine se minder stress. It is dêrom net om ’e nocht dat de oerheid ferieningen graach ynset as middel foar it befoarderjen fan sûnens en sosjale gearhing. Ferieningen stean midden yn de mienskip en kinne dêrtroch flugger ynspylje op behoeften yn de maatskippij. Mar troch fergrizing en yndividualisearring nimt it dielnimmen oan it ferieningslibben ôf. Yn Fryslân binne de lidmaatskippen fan ferieningen tusken 2012 en 2019 mei 13,2 persint tebekrûn. Dêr komt by dat ferskate ferieningen, foaral yn krimp- en plattelânsregio’s te krijen hawwe mei minder finansjele middels.

Wurkkonferinsje ‘Leve de Vereniging!’
By de online wurkkonferinsje, inisjearre troch Sport Fryslân, Doarpswurk en Keunstwurk, presintearren programmalieder Marijn Molema en ûndersiker Jesse David Marinus fan it Frysk Sosjaal Planburo de earste befiningen fan it ûndersyk. Njonken it earder neamde tebekrinnen wie der ek in opfallende positive konstatearring: mear as de helte fan de Friezen die yn 2019 frijwilligerswurk en dat makket Fryslân koprinner yn Nederlân.

De befiningen binne de opmjitte foar groepspetearen mei tsientallen bestjoerders fan ferieningen, wethâlders en fertsjintwurdigers fan gemeenten, provinsje en koepelorganisaasjes. Ynspirearre troch in lofsang op it ferieningslibben fan skriuwer Hylke Speerstra en fideobydragen fan ferskate ferieningen, smiet dat nijsgjirrige ynsjoggen op. Dy ynsjoggen wurde meinommen yn it ferfolch fan it ûndersyk. Wurdkeunstner Kuo Weh Ho ferwurde it oan ’e ein fan de konferinsje ienfâldich en doeltreffend: “Wy dogge it mei-inoar!”

Kampanje
It ûndersyk en de wurkkonferinsje binne ûnderdiel fan de kampanje ‘Leve de Vereniging!’. De kampanje fan Sport Fryslân, Doarpswurk en Keunstwurk waard op 29 maart ôftrape mei in online kafee dêr’t mear as 130 ferieningen fertsjintwurdige wiene. De kommende moannen folgje ûnder mear ferskate fergeze webinars foar ferieningen, wurdt it ûndersyk fuortset en folgje der ‘ympulzen’ (nije inisjativen) om it ferieningslibben te aktivearjen.

De resultaten fan it folsleine ûndersyk wurde fan ’t hjerst ferwachte.

april 4, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.