Feilige fytsrûten yn Fryslân

april 23, 2021 08:41

Sûnt juster steane op it ynternet Fryske Trochtraaprûten. Dat binne ekstra feilige fytsrûten dy’t spesjaal geskikt binne foar de âlderein, mar fansels tagonklik foar elkenien. Se binne te finen op www.doortrappen.frl.

It binne rûntsjes fan sa’n 20 kilometer, oer rommere paden, mei net folle obstakels en relatyf feilige krúspunten. Se binne ûntwikkele yn opdracht fan it Regionaal Orgaan Ferkearsfeilichheid Fryslân. Dat wurket oan it ferbetterjen fan de ferkearsfeilichheid fia kampanjes, aktiviteiten op it mêd fan ferkearsedukaasje en ferkearsfeilichheidsprojekten. Mear ynformaasje dêroer stiet op www.rof.frl.

Fan freed ôf is der op Omrop Fryslân TV in reklamespot oer te sjen mei yn de haadrol de 100-jierrige Piet Kaspers fan Skylge. Dy waard earder útroppen ta de âldste aktive fytser.

Piet Kaspers fan Skylge kriget de Gouden Traper út hannen fan boargemaster Caroline van de Pol.

april 23, 2021 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.