Feie Fonyk: Viagra foar froulju ?

april 15, 2021 19:05

Boarne foto: pixabay.com

Ik hie oant en mei saterdei 9 april nea heard fan it bedriuw Emotional Brain yn Almere. Dat like my in goed teken foar my en ’e frou, doe’t ik lies wêr’t dat bedriuw him mei dwaande hâldt. Op dy saterdei stie der in grut artikel yn de Volkskrant oer de grutte problemen by it Brainbedriuw. Op de ynternetside derfan is der no noch neat fan de merken, mar dat sil grif net lang mear duorje. Wa’t Emotional Brain oanklikt, kriget fleurige froulju te sjen mei teksten as “New solution for low sexual desire.” Sis mar “Myn pineholle is oer, wy geane der jûn tsjinoan.” It giet om in pil dy’t it bedriuw makket, om in “Innovation on-demand treatment to increase sexual satisfaction.” De ynternetside sjocht der profesjoneel út mei ferwizing nei wittenskiplik ûndersyk om de problemen hinne dy’t guon froulju hawwe mei harren seks en de oplossing derfoar.

It like sa moai. Yn 2013 betocht wittenskipper Adriaan Tuiten dat it tiid waard om wat te betinken foar froulju dy’t gjin nocht hawwe om te frijen. Dat skynt wrâldwiid in probleem te wêzen. Foar manlju dy’t him net goed of net lang genôch omheech krije is der Viagra, mar wat te dwaan as de freondinne gjin nocht hat? Derfoar makket syn bedriuw in “lustpil”. Manlju út de top fan it bedriuwslibben lykas Ahold en ING, mar ek de provinsje Flevoland seagen der wat yn en ynvestearren in soad jild. It soe wrâldwiid in sukses wurde. Nei de lêste berjochten liket it derop dat de hiele 42 miljoen weismiten jild is. Dat komt trochdat it middel oant no ta hingjen bleaun is yn testfaze twa, wylst faze trije nedich is om oeral talitten te wurden foar de ferkeap.

Doe’t ik it artikel lies, moast ik tinke oan Roald Dahl. Dy skreau yn 1979 My uncle Oswald, yn it Nederlânsk oerset as Oom Oswald. Hendryks Cornelius Oswald is gek op froulju en jild. Op in dei lêst er wat nijsgjirrichs oer de Soedaneeske cantharidinekever. Ast dy fermealst ta in poeier en oan manlju joust, wurde se binnen 9 minuten sa geil dat se allinne noch oan seks tinke. Oswald wit dat der oeral yn Europa rike manlju binne dy’t harren rike jonge froulju links lizze litte. Guon froulju wolle graach in bern hawwe fan in ferneamde artyst of in man fan oansjen. Hy betinkt in plan om sperma fan sokke manlju op te fangen en te ferkeapjen.

Hy hat dat poeier mei in maat, in echte wittenskipper, earst besocht by in wite rôt. “Nei presys njoggen minuten siet de rôt ynienen deastil. Hy gie triljend sitten en seach nei de wyfkerotten yn syn kouwe (…) Hy sprong fan it iene wyfke nei it oare en pakte se allegearre efterinoar oant er se alle tsien dutsen hie.” Jo sille begripe dat dit in goar, antyfeministysk boek is, boppedat polityk ynkorrekt, mar tige lêsber. It waard fyftich jier lyn skreaun en it ferhaal spilet yn de tritiger jierren. Dat makket in soad goed. In oanrieder dus foar kommende waarme dagen.

Froulju dy’t ferstân hawwe fan seks kamen mei beswieren tsjin de lustpil fan Emotional Brain. Miskien is net yn it foarste plak in probleem fan de frou, mar fan de partner. Wa wit hawwe froulju gjin nocht, trochdat har partner te min omtinken hat foar wat froulju wichtich fine. Hoe dan ek, se fine dat it probleem fan gjin nocht oan seks dêr ûnnedich mei medikalisearre wurdt, wylst it om in komplekse saak giet. Seksuologe Ellen Laan hat der ferstannige boeken oer skreaun. Yn augustus 2019 hold se yn Grins in lêzing mei as titel ‘Seks, een leven lang leren’, oer myten en misfettingen.

Ik betwivelje oft Adriaan Kuiken it wurk fan Laan ken. It gie him grif as Oom Oswald en tocht er te folle oan jild, of hy hie gjin wite rôt.

 

april 15, 2021 19:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.