Feie Fonyk: The Passion

april 1, 2021 17:45

Peter Paul Rubens, 1611

Sûnt 2011wurdt op Wite Tongersdei The Passion opfierd. Alle kearen yn in oare stêd en mei oare haadrolspilers. Yn 2011 waard Jezus spile troch Syb van der Ploeg en dit  jier is Freek Bartels oan bar. Hy spile dy rol earder yn Jesus Christ Superstar. Bartels fertelt dat er net mei it leauwe opgroeid is. As bern socht er mei Peaske aikes, mar hy hat  ûndertusken wat mei Jezus, want: “Wat me het meeste aanspreekt in The Passion, is dat het met name gaat over vergevingsgezindheid. Dat slaat zo op deze tijd. We horen vaak: wees lief voor elkaar. Maar dat vindt men heel ingewikkeld. Jezus is in mijn optiek een uniek persoon, omdat hij niet over anderen wil oordelen. Dat oordeelloze van Jezus, vind ik prachtig. Daar kunnen veel mensen een voorbeeld aan nemen.”

Neffens my sjocht dominee Kort fan de Mieraskerk yn Krimpen aan de IJssel der krekt wat oars tsjinoan. Hy koe it begripe dat ferslachjouwers dy’t ôfrûne snein by de tsjerke stiene, fuortjage waarden. De man hâldt der nijsgjirrige opfettingen op nei. Hjirby in pear sitaten út syn preek fan deselde snein Wij zijn in de ban gekomen van virologen, de moderne waarzeggers en tovenaars. Waarin de regering lasten oplegt, die we zelf niet kunnen dragen (…) Dat heel ons land door de overheid in gevaar is gebracht door besmettingen die uitbreken. Dat heel veel mensen sterven door het vaccineren. Dat de dood wordt ingebracht en ondanks dat men weet dat het gebeurt, dat dit niet wordt verhinderd. We zijn niet veilig bij deze overheid. We willen U (De HEERE HEERE) vragen of U ons daarvan ontzet en verlost.”

Hawar, wy libje yn in frij lân en hy is net de iennige dy’t in slach meei de moalpûde hân hat. Fan de oare kant moat sein wurde dat The Passion it kristendom wol tige “light” foar it fuotljocht bringt. Dat komt, omdat dit teaterspektakel benammen oer it lijen fan Kristus giet en net oer de opstanning fan Jezus út it grêf. Dat lêste is just de kearn fan it peaskeferhaal. Ik bin der net wis fan, mar it soe kinne dat in soad minsken dat opstanningsferhaal fan Jezus net leauwe.

Wy moatte ús dêrby realisearje dat opstean út de dea no apart is, mar yn de tiid fan Jezus aardich gewoan. De profeten út it Alde Testamint hiene der gjin muoite mei en Jezus helle de widdosoan yn Naïn werom út de dea (Lukas 7: 11), krekt as de dochter fan Jaïrus (Markus 5: 41) en net te ferjitten Lazarus.  Yn Matteüs 27 fers 52 giet it der noch folle wylder oan ta: “De grêven gongen iepen en fan de fromme minsken dy’t  ferstoarn wienen, waard in grut tal wekker út har deasliep.” By syn libben joech Jezus oan syn freonen de opdracht: “Meitsje de siken better, lit de deaden ferrize, suverje lepralijers, ban duvels út (Matt. 10: 8). Ik bin der benijd nei wat de tsjerkegongers dit jier foar útlis krije by it ferhaal oer de opstanning fan Jezus, want je soene derfan útgean moatte dat minsken mei harren sûne ferstân dat net letterlik nimme.

As jo der ferlet fan hawwe om mei de swierdere ferzje fan it kristendom yn ‘e kunde te kommen, sykje dan de preek fan ds. Kort fan 2 april op. Ik doch dat net en ik hoopje net dat ik nei myn dea yn de himel kom mei sokken as Kort. Om earlik te wezen, dat hiele ivige libben laket my net oan. Allinne dêrom al wurd ik gjin Jehovatsjûge.

It skilderij is makke troch Rubens  yn 1583

april 1, 2021 17:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.