Feie Fonyk: ‘Een moederhart een gouden hart’

april 22, 2021 13:03

De âldere lêzers fan It Nijs sil it noch wol heuge, dat liet fan Gert Timmerman oer de leafde fan in mem foar har bern. Dat begjint sa: “De mooiste liefde die een mens ooit op deze aarde vindt, dat is de liefde van een moeder voor haar eigen kind.” No wol ik fan dy leafde neat ôfdwaan, mar om der op dizze wize oer te sjongen, nee, wêr stiet in amer ? Ik moat koarje.

Oan dat liet moast ik tinke doe’t ik lies oer de Moederhartbeweging. Dat is de safolste klup dy’t har – of is it him, nee ik bliuw by har, want it is in klup fan froulju – ferset tsjin de koroanamaatregels en dan yn ferbân mei de bern. No moat der by sein wurde dat ús regear net konsekwint is. Jo moatte derfan útgean dat al it yngripen yn it minsklik lichem risiko’s jout. Sis dat der by. Medisinen binne nea sûnder gefolgen en dat jildt ek foar it intsjen. Dat soe gjin reden wêze moatte om AstraZeneca of it Janssen-faksin net te nimmen. It hiele libben is gefaarlik en it rint yn alle gefallen út op de dea. Dat wol men ornaris salang mooglik útstelle en intsjen helpt. En yndied, by ien op de safolle miljoen binne der problemen nei intsjen. It regear hat it derom in skoft stillein. Dat wie net ferstannich, omdat de kâns dat jo koroana krije sûnder te intsjen tsientûzen kear grutter as te stjerren nei in faksinaasje.

In grut part fan dy Moederhartklup is tsjin faksinaasje. Dat is dom. Se hawwe net yn alles ûngelyk. Sa skriuwe se bygelyks dat de ôfstânsregel foar bern oerdreaun is, mar ek dit: ‘De recent aangescherpte coronamaatregelen op scholen, waaronder een nieuw test-, quarantaine- en mogelijk vaccinatiebeleid, zullen de levens van onze kinderen aanhoudend verder ontwrichten. Met mogelijk onherstelbare, ernstige schade tot gevolg.’ Se binne ek fan betinken dat in wattestokje yn de noas ‘een schending van de lichamelijke integriteit’ is.

De memmen fan it Moederhart bedoele it goed, mar mei soksoarte fan ûnsin meitsje se gjin freonen en roppe se in soad wjerstân op. Bern sille yn harren lettere libben noch wol oare problemen tsjinkomme as in wattestokje yn de noas of dat se in skoft net nei skoalle kinne. It liket my in saak fan ferstannige opfieding om jonge bern net by alle problemen wei te hâlden. Efkes trochsette. Dêr wurde se allinne mar grutter en sterker fan.

april 22, 2021 13:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.