Pier Bergsma: De bêste útfining fan de lêste hûndert jier

april 8, 2021 07:00

Skôging

Foto © Boskalis

Yn 2012 frege it Algemeen Dagblad oan froulju wat neffens harren de bêste útfining fan de lêste hûndert jier wie. De folgjende trije hellen de heechste skoare: de antykonsepsjepil, de beha en de waskmasine. Op it ynternet binne in soad fan soksoarte listen te finen lykas “De 83 uitvindingen die ook jouw leven echt hebben veranderd” út 2015. Op dy list steane bygelyks: duck tape, de nytmasine, de usb-stick, de rits, it gehoarapparaat, de stofsûger, de fyts, de kompjûter en de mobile telefoan.

Yn 2014 skreau de ‘Hollandsche Maatschappij der Wetenschappen’ yn Haarlem in priisfraach út mei as titel “Wat is de beste uitvinding van de laatste honderd jaar en waarom?” It wie net de earste kear dat dy organisaasje dat die. Tusken 1753 en 1917 waarden der 1200 priisfragen útskreaun. De earste yn 1753 wie “In welke hoeveelheid zijn de Nederlandse Rivieren sedert den aanvang deezer Eeuwe verzand? Wat is het middel, om de Zanden en Slikken, die zig op derzelver bodem gezet hebben, van daar te verdrijven; en derzelver meerder verzanding voor te komen?” Fiif jier letter “Welke zijn de Oorzaken der gewoone Ziekten van ons Scheepsvolk ’t geen na Westindiën vaart, en welke zijn de beste middelen om deeze Ziekten te voorkomen, ofte te geneezen?” It wiene oer it generaal praktyske fragen dy’t steld waarden. Meastal kamen der ferstannige antwurden.

De kontener as bêste útfining

Yn 2010 is de Hollandsche Maatschappij fierder gien mei dy âlde tradysje, no yn gearwurking mei de NRC. Der kamen op dy fraach oangeande de bêste útfining fan de lêste hûndert jier in tal antwurden. By de 91 ynstjoeringen wiene favoriten as essays oer de pil, de waskmasine en de transistor.

Ik wie yn oktober 2014 yn Haarlem by de útrikking. De priis waard wûn troch Bart Kuipers dy’t ferbûn is oan it havenbedriuw yn Rotterdam. Syn essay hie as titel “De container is de beste uitvinding van de laatste honderd jaar”. Der wie by de oanwêzigen neffens my net ien dy’t ferwachte dat dy ynstjoering winne soe. Kuipers kaam lykwols mei in goed ûnderboud ferhaal.

Der moast ik oan tinke doe’t op 24 maart it 400 meter lange en 59 meter brede kontenerskip Evergreen oerdwers fêst kaam te lizzen yn it Suezkanaal. Dat skip kin 20.000 konteners fan 6 meter ferfiere. Elke dei giet 30% fan it kontenerferfier troch it kanaal. Troch de blokkade rûn de skea yn de miljoenen. Gelokkich hawwe wy yn Nederlân in bedriuw as Boskalis dat it Suezkanaal wer befarber makke. De foto krigen wy fan Boskalis.

De kontener is útfûn troch de Amerikaan Malcolm McLean yn ’e midden fan de foarige iuw. De earste standert kontener kaam yn Rotterdam oan yn 1965. Alle konteners hawwe deselde eigenskippen. Se binne ienfâldich en goedkeap te produsearjen. De hiele groei fan de mondiale wrâldhannel is basearre op dat kontenerferfier. It is uterst effisjint en goedkeap. Ien fan de foarbylden dy’t Kuipers jout, giet oer it ferfier fan wyn. Yn in kontener gean 18.000 flessen. De ferfierkosten fan ien flesse komme dan op 10 eurosinten.

Hawwe wy ferlet fan al dy klean en rotsoai?

Konsuminten yn Nederlân profitearje fan produkten dy’t yn Azië foar in habbekrats makke wurde. In soad klean lykas oerhimden foar noch gjin 10 euro, elektroanika, eins te folle om op te neamen. Nederlân is mei alle goede fasiliteiten de fiifde eksporteur fan guod, noch foar Frankryk, Súd-Korea en Ingelân. Kuipers skriuwt dat it by de helte fan de útfier yn Nederlân om saneamde “wederuitvoer” giet. Dan giet it om elektroanika út Sina, dy’t fia Nederlân nei oare lannen yn Europa giet, om mar in foarbyld te neamen. Kuipers komt ek op de neidielen. It grutste part dat ferfierd wurdt troch konteners is lucht. Se gean nammentlik leech nei Azië werom.

Boppedat – en dat kaam op dy middei net oan bar en ek net yn it essay – moatte wy ús ôffreegje oft wy ferlet hawwe fan al dy klean en rotsoai dy’t te keap leit yn ús kleanwinkels, by de Action, it Kruidvat en al dy oare bedriuwen. As we it oan de ierde freegje soene, dan soe dy grif sizze dat de minske in ramp foar de wrâld is, mar dat is in oare diskusje en dat soe in oar essay opsmiten hawwe.

april 8, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.